Avro Shackleton
Avro Shackleton | |
---|---|
Rol | Underseeboatbestrider/AWACS |
Makker | Avro |
Earste flecht | 9 maart 1949 |
Yn tsjinst | 1951 |
Ut tsjinst | 1991 |
Tal makke | 185 (1951-1958) |
Grutste brûkers | Royal Air Force, South African Air Force |
Untwikkele út | Avro Lincoln |
De Avro Shackleton wie in Britsk langeôfstânspatrûljefleantúch fan de Royal Air Force. It tastel waard ûntwikkele troch fleantúchfabryk Avro út de Avro Lincoln. It tastel krige ûnder mear in nij lâningsgestel en waard ferneamd nei de poalreizger Ernest Shackleton. De earste flecht wie yn maart 1949.
Ynearsten waard it tastel, yn de perioade 1958-1970, allinnich brûkt foar opspoaring en bestriding fan ûnderseeboaten en yn de perioade 1957 o/m 1984 ek as maritym patrûljefleanmasine troch de loftmacht fan Súd-Afrika.
Fan 1971 oant en mei 1991 waard de Shackleton oanpast foar AWACS-taken en as fleanende radarpost ynset by de NATO loftbewaking. De Shackleton hie koaien, in keukentsje en in gemysk toilet en koe missys oant tolve oeren fleane. Dat makken de sunige Rolls-Royce Griffon sûgermotors mooglik.
De Shackleton waard langer as de bedoeling wie troch de RAF yn tsjinst holden om reden fan problemen by de konstruksje fan de ferfanger dy't jin op it each hie, de AWACS ferzje fan de BAE Nimrod. Doe't dy ferzje der lang om let kaam waard keazen foar de Boeing E-3 as ferfanger.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gegevens | |
---|---|
Bemanning | 10 (-14) |
Langte | 26,61 m |
Spanwiidte | 36,58 m |
Hichte | 5,33 m |
Fleugeloerflak | 132 m² |
Gewicht leech | 23.340 kg |
Maks. startgewicht | 39.040 kg |
Oandriuwing | fjouwer 12-sylinder-V-motors Rolls-Royce Griffon 57 fan 1960 hk (1460 kW) it stik |
Topfaasje | 480 km/o |
Bewapening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2 × 20-mm-masinekanonnen Hispano-Suiza Mk. V mei 300 patroanen it stik yn de noas
- Oant 4.536 kg oan wapens yn it bommerûm
- Torpedo's:
- 3 × General Electric Mk.44-torpedo (324-mm-torpedo)
- Bommen:
- 2 × nukleêre djiptebom Mk.101 „Lulu“
- 9 × Mk.54 (160-kg-seeminen)
- 2 × Mk.57-seeminen (taktyske 520-kT-nukleêre-djiptebommen op basis fan de B57-Mod.2-atoombom)
- 9 x BMk.82 BDU-45 djiptebommen
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lyksoartige ûntwerpen:
- Breguet Atlantic
- Canadair CL-28
- Lockheed P-2 Neptune
- Lockheed P-3 Orion
- Tupolev Tu-95
- Hawker Siddeley Nimrod
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) The Shackleton Association
- (in) Aircraft.co.za – Avro Shackleton
- (in) Webside fan Shackleton WR963
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Avro Shackleton fan Wikimedia Commons. |