Springe nei ynhâld

Avro Lincoln

Ut Wikipedy
Avro Lincoln


Rol Bommesmiter
Makkers A V Roe (168), Metropolitan-Vickers (80) en Armstrong Whitworth (281)
Earste flecht 9 juny 1944
Yn tsjinst Augustus 1945
Ut tsjinst 1967 by de Argentynske Loftmacht
Tal makke 625 (1945–1952)
Grutste brûkers Royal Air Force, Argentynske Loftmacht, Royal Australian Air Force
Farianten I, II, III, IV, Mk 15, Mk 30, Mk 30A, Mk 31
Trochûntwikkeling Avro Shackleton, Avro Tudor
Avro Lincoln A73-20 op in testflecht mei twa propellers yn de faanstân

De Avro Lincoln, of Avro Type 694, wie in Britske swiere bommesmiter mei fjouwer motors ûntwurpen yn de Twadde Wrâldoarloch.

It tastel waard ûntwikkele út de Lancaster. De earste farianten waarden oantsjut mei Lancaster IV en V, mar dy nammen waarden letter feroare yn Lincoln I en II. It wie de lêste bommesmiter mei sûgermotors yn tsjinst fan de Royal Air Force. It tastel waard augustus 1945 yn gebrûk naam, te let om noch mei te dwaan by aksjes yn de Twadde Wrâldoarloch.
Yn de jierren fyftych waard de Lincoln wol brûkt yn gefjochten tsjin de Mau Mau yn Kenia en yn Malakka foardat se út tsjinst helle waarden fan nije bommesmiters mei strielmotoren ferfongen waarden. In pear tastellen tsjinnen letter noch as fleantugen foar it testen fan turboprops.

Der waarden totaal 604 Lincolns makke, guon dêrfan waarden brûkt as sivyl transportfleantúch. Dêr binne noch fjouwer fan oer yn ferskate ferzjes, mar net ien is noch fleanree.

Technyske gegevens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gegevens Mjitten
Bemanning 7
Langte 23,86 m
Spanwiidte 36,58 m
Hichte 5,27 m
Gewicht leech 19.686 kg
Maks. gewicht by start 34.019 kg
Oandriuwing fjouwer 12-sylinder-V-motors Rolls-Royce Merlin 85 fan 1774 hk it stik
Heechste faasje 475 km/o
Bewapening oant 6.400 kg bommen (normaal), as ien 10.000 kg DP bom; 4 × 12,7 mm M2 Browning masinegewearen
  • Richard A. Franks: The Avro Lancaster, Manchester and Lincoln. SAM Publications, Bedford 2000, ISBN 0-9533465-3-6.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: