Aust-Agder
| Aust-Agder | |||
|
| |||
| It wapen fan de provinsje Aust-Agder | |||
| Lân | |||
| Nûmer | NO-09 | ||
| Lânsdiel | Sørlandet | ||
| Haadplak | Arendal | ||
| Oerflak | 9.157,4 km² | ||
| - lân | 8.313,75 km² | ||
| - wetter | 843,65 km² | ||
| Ynwennertal | 116.673 (01-01-2017) | ||
| Befolkingstichtens | 13 ynwenners/km² | ||
| Tiidsône | UTC+1 | ||
| - simmertiid | UTC+2 | ||
Aust-Agder is in tradisjonele regio, eardere provinsje en hjoeddeistich kiesdistrikt fan Noarwegen. Yn 2020 gie it yn 'e mande mei de buorprovinsje Vest-Agder op yn 'e nije fúzjeprovinsje Agder.
Aust-Agder wie foarhinne in provinsje (fylke) fan Noarwegen yn it easten fan Sørlandet. De provinsje lei oan it Skagerrak en grinzge oan Telemark, Rogaland en Vest-Agder. As regio beslacht it in gebiet fan 9.157,4 kante kilometer, en op 1 jannewaris 2017 wie it ynwennertal 116.673.
Yn 2017 stimde it Noarske parlemint foar it gearfoegjen fan de provinsjes Aust-Agder en Vest-Agder per 1 jannewaris 2020. Dizze fúzje wie ien fan de geografyske feroarings dy't plakfûnen yn it ramt fan in bredere de provinsjale weryndieling fan Noarwegen.
Gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De provinsje Aust-Agder bestiet sûnt de jierren njoggentich út 15 gemeenten:
| Nr. | Gemeente | Haadplak | Ynwennertal |
|---|---|---|---|
| 0901 | Risør | 6.936 | |
| 0904 | Grimstad | 22.692 | |
| 0906 | Arendal | 44.576 | |
| 0911 | Gjerstad | 2.511 | |
| 0912 | Myra | 2.104 | |
| 0914 | Tvedestrand | 6.051 | |
| 0919 | Blakstad | 5.713 | |
| 0926 | Lillesand | 10.702 | |
| 0928 | Birkeland | 5.718 | |
| 0929 | Åmli | 1.856 | |
| 0935 | Birketveit | 1.342 | |
| 0937 | Evje | 3.614 | |
| 0938 | Bygland | 1.200 | |
| 0940 | Valle | 1.246 | |
| 0941 | Bykle | 952 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Provinsjes fan Noarwegen | ||
|---|---|---|
| Agder • Akershus • Buskerud • Finnmark • Innlandet • Møre og Romsdal • Nordland • Oslo • Rogaland • Telemark • Troms • Trøndelag • Vestfold • Vestland • Østfold | ||
| Eardere provinsjes | ||
| Aust-Agder • Bergen • Hedmark • Hordaland • Nord-Trøndelag • Oppland • Sogn og Fjordane • Sør-Trøndelag • Troms og Finnmark • Vest-Agder • Vestfold og Telemark • Viken | ||