Springe nei ynhâld

Aurealis (tydskrift)

Ut Wikipedy
Aurealis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Australysk
taalIngelsk
sjenrescience fiction en fantasy
frekwinsje1x per moanne
besteansûnt 1990
plak haadred.Melbourne (Fiktoaria)
útjouwerChimaera Publications
ISSN1035-1205
offisjele webside
www.aurealis.com/au

Aurealis is in Australysk tydskrift op it mêd fan 'e literêre sjenres fan science fiction en fantasy. It is it âldste tydskrift fan syn soarte yn Austraalje. It wurdt publisearre troch de útjouwerij Chimaera Publications en de redaksje is fêstige yn Melbourne, de haadstêd fan 'e Australyske steat Fiktoaria.

Aurealis waard yn septimber 1990 oprjochte om in platfoarm te bieden foar nije fantasy- en science fiction-literatuer. Dêrby wie it fral bedoeld om Australyske auteurs fan dy sjenres bekendheid te jaan. Yn oktober 2011 waard Aurealis in e-publikaasje dy't inkeld noch yn digitale foarm ferskynde. It bleau in moanneblêd dat eltse moanne útkomt, útsein yn jannewaris en desimber.

Sûnt 1995 rikt Chimaera Publications, de útjouwerij efter Aurealis, de Aurealis Awards út foar treflikens op it mêd fan 'e Australyske science fiction-, fantasy- en horrorliteratuer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.