Attraksjepark Duinen Zathe
| Attraksjepark Duinen Zathe | ||
| De yngong fan it park. | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Noarder Es 1 | |
| koördinaten | 52°57'18"N 6°20'10"E | |
| bysûnderheden | ||
| type | algemien ferdivedaasjepark | |
| iepen | maaie o/m aug. (altyd) apr., sept., okt. (net altyd) | |
| oerflak | 14 ha | |
| attraksjes | 19 | |
| achtbanen | 2 | |
| wetterattr. | 1 | |
| darkrides | 1 | |
| besikers | 65.000 (jiers) | |
| skiednis | ||
| iepening | 1958 | |
| oarspr. lokaasje | Boerestreek yn Appelskea | |
| offisjele webside | ||
| www.duinenzathe.nl | ||
| kaart | ||
Lokaasje fan it park yn Fryslân.
| ||
Attraksjepark Duinen Zathe (offisjeel, Nederlânsk: Attractiepark Duinen Zathe) is in ferdivedaasjepark yn Appelskea, yn 'e uterste súdeasthoeke fan Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Duinen Zathe begûn yn 1958 as in kofje- en teeskinkerij, wêrby't de eigner doedestiden efter en njonken it haadgebou eigenhandich houten boarterstastellen boude om 'e bern fan syn klanten dwaande te hâlden. In stadige modernisearring late der úteinlik ta dat de efterseal yn 'e twadde helte fan 'e sechstiger jierren as dancing brûkt waard. Om 1970 hinne waard de saak oernommen, wêrnei't der in yngeande ferbouwing plakfûn.
De boarterstún waard dêrby ferhuze nei it terrein efter it haadgebou, en der waarden grutte attraksjes ynstallearre, wêrûnder botsauto's, oldtimers en in draaimole. In stikmannich jierren letter waard it terrein noch fierder útwreide, en waarden der û.m. in spûkhûs en in teäterseal tafoege.
Yn 1984 kamen de hjoeddeistige eigners yn it besit fan it ferdivedaasjepark. Under de nije lieding fûn der in fierdere útwreiding plak en krige Duinen Zathe mear bekendheid. De lûdsoerlêst waard úteinlik lykwols in probleem foar it doarp, en om't der op it oarspronklike plak, oan 'e Boerestreek, midden yn Appelskea, ek gjin romte mear oer wie foar fierdere útwreiding, waard besletten it hiele park te ferhúzjen nei in oare lokaasje, oan 'e Noarder Es. Dy ferhuzing krige yn 2002 syn beslach.
Akkomodaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Duinen Zathe beskikt oer in ferskaat oan tradisjonele attraksjes, wêrûnder botsauto's, in klimkastiel, luchtkjessens, in reuzeglydbaan en in spûkhûs. Dêrnjonken binne der ek ferskillende grutte moderne ynstallaasjes, wêrûnder in achtbaan, in wyldwetterbaan en in saneamde supernova mei twa ûnôfhinklik bewegende earms dy't jin it gefoel jout tusken metershege weagen te surfen. Mar ek beskikt it park noch oer in gewoane boarterstún, mei touters, wippen en in sânbak. Yn it teäter binne geregeldwei optredens.
Attraksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ûndersteande list is ûnfolslein
Hjoeddeiske attraksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Namme | Iepene | Opm. | |
|---|---|---|---|
| Spur & the Big Apple | 1987 | Is mei it attraksjepark mei ferhúze fan de Boerestreek nei de Noarder Es. | |
| London City Coaster | 2017 | De Achtbaan út 1991 stie oarspronklik yn in Britsk ferdivedaazjepark. En hat fan 2008 oant 2016 by Nederlânske merken del reizge. | |
| Spûkhûs | 2008 | Ferfanger fan it eardere spûkhûs út de santiger jierren. | |
| Flying Heli's | |||
| Mini Jet | 1981 | Is mei it attraksjepark mei ferhúze fan de Boerestreek nei de Noarder Es. | |
| Reuzenglijbaan | Is mei it attraksjepark mei ferhúze fan de Boerestreek nei de Noarder Es. | ||
| Waterglijbaan | 1995 | Is mei it attraksjepark mei ferhúze fan de Boerestreek nei de Noarder Es. | |
| Ferkearssirkwy | 2017 | De ynfentaris fan it ferkearspark komt oarspronklik fan Verkeerspark Assen. | |
| Impactor | 2026 | ||
Ferdwûne attraksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Namme | Iepene | Ofbrútsen | Opm. | |
|---|---|---|---|---|
| Super Nova | 2007 | 2025 | Reizge earder oer de Nederlânske merken, en giet wer werom nei de Merke. | |
| De Flying Swing | 2008 | 2025 | Reizge earder by Dútske merken del. | |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Ferdivedaasjeparken yn Nederlân |
|---|
| Fryslân Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark |
| Nederlân Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld |
| Eardere ferdivedaasjeparken Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble |
