Springe nei ynhâld

Atelstan fan Ingelân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Athelstan fan Ingelân)
Grêftombe fan Atelstan

Atelstan (Ingelsk: Æthelstan; Wesseks, 894Gloucester, 27 oktober 939) wie kening fan Wesseks fan 924 oant 927 en oanslutend oant syn dea yn 939 de earste kening fan Ingelân. Hy wie in soan fan Edwert de Aldere út dy syn earste relaasje. Der bestiet twifel oer wa't syn mem wie.

Atelstan wurdt wol sjoen as de earste echte kening fan Ingelân. Yn elk gefal wie hy de earste dy't kroane waard op de King's Stone yn Kingston upon Thames yn 925.

Ylluminaasje út it manuskript út Bede's Life of St Cuthbert, ± 930

Hy helle grutte oerwinnings op syn rivalen, wêrûnder de Denen, en wreide syn gebiet út nei dielen fan Wales en Cornwall. Syn grutste oerwinning tsjin in fijannich bûnsgenoatskip fan Skotten, Welshmen en Wytsingen wie yn de Slach by Brunanburh yn 937.

Atelstan furdige wetten út dy't it bestjoer oer syn grutte gebiet fersterken. Hy foarme bûnsgenoatskippen troch fjouwer fan syn healsusters trouwe te litten mei West-Europeeske heerskers. Hy wwie ek in kultuerleafhawwer en samler fan keunstwurken en reliken. In soad dêrfan joech hy wei oan syn folgelingen en oan tsjerken, om him fan harren steun te fersekerjen. Ek steunde hy in soad kleastermienskippen en benammen de abdij fan Malmesbury, dêr't syn grêf te finen is.

Athelstan hie gjin bern en waard opfolge troch syn healbroer Edmund I.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Athelstan of England fan Wikimedia Commons.