Kingston upon Thames

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kingston upon Thames
It stedhûs oan it merkplein
It stedhûs oan it merkplein
Sifers
Ynwennertal 43.013 (2011)
Hichte ± 10 m
Polityk
Lân Ingelân
Regio Grut-Londen
Oar
Stifting foar 838
Postkoade KT1, KT2
Tiidsône UTC+0
Simmertiid UTC+1
Webside Webstee fan de borough

Kingston upon Thames is in stêd yn Ingelân en hjoed de dei de sintrale wenwyk fan it Londensk distrikt Royal Borough of Kingston upon Thames, yn it súdwesten fan de regio Grut-Londen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kingston wie al yn de midsiuwen in market town (merkflekke). Seis of sân Ingelske keningen waarden dêr kroane. De earste wie faaks Eduard de Aldere yn 899, mar nei alle wierskyn wie it Æthelstan fan Ingelân yn 925. Dat de plaknamme nei dy keningen ferwiisd berêst op in leginde. Kingston hjitte "Cyninges tun" yn 838, "Chingestune" yn 1086, "Kingeston" yn 1164, "Kyngeston super Tamisiam" yn 1321 en "Kingestowne upon Thames" yn 1589.[1] De namme betsjut "keningsgoed" of "domein fan de kening" fan de Aldingelske wurden cyning (kening) en tun (tún of lânbougebiet). It wie de earste keninklike residinsje fan de Saksyske keningen.

Kingston upon Thames wurdt yn de takomstfyzje London Plan (2004/2015) neamd as ien fan de 19 metropolitan centres fan Grut-Londen mei in fersoargingsgebiet dy't grutter is as de eigen borough.[2] Teffens is it ien fan de 38 opportunity areas yn de agglomeraasje, gebieten mei positive ûntjouwingsmooglikheden.[3]

Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kingston hat trjie spoarstasjons: Stasjon Kingston, Stasjon Norbiton en Stasjon Hampton Wick. Der ride frekwint treinen nei stasjon Waterloo yn Londen.

Stedsbannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Kingston[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eadweard Muybridge

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Kingston upon Thames" op oxfordreference.com.
  2. The London Plan (2015), pp. 364-374.
  3. The London Plan (2015), s. 79, kaart 2.4.