Springe nei ynhâld

Assuerus Quaestius

Ut Wikipedy

Assuerus Quaestius (Ljouwert, 1 febrewaris 1815 - Grins, 7 novimber 1887) wie in jurist, amateurskilder en keunstsamler.

Hy waard berne yn Ljouwert, mar wenne hast syn hiele libben yn Dronryp dêr't er plakferfangend kantonrjochter, letter riedslid en wethâlder wie.[1] Yn 1836 urf er de state Schatzenburg yn Dronryp en neitiid bewenne er dy ek. By syn dea yn 1887 fermakke er de state oan it pleatslike gasthûs "Vredenhof".

Om 1850 hinne makke er in reis troch Dútslân; it reisferslach is publisearre: Dagboek eener reis in Duitsland (1850). Quaestius samle printen en munten, foaral Romeinske munten, dy't er letter oan it Friesch Genootschap skonk. Syn printesamling foarme de basis fan it printekabinet fan lettere Frysk Museum. Quaestius wie ek de earste registrearre postsegelsamler fan Nederlân en hearde ta de earste leden fan de Nederlandsche Vereeniging van Postzegelverzamelaars.

Yn july 1886 sette er him nei wenjen yn Grins en dêr is er in jier letter ferstoarn. Hy leit begroeven op it partikuliere begraafplak by de Martenastate yn Koarnjum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J. H. en oaren (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Quaesterius, Assuerus


Noaten

  1. Scheen 1981