Association of Science Fiction and Fantasy Artists

Ut Wikipedy
Association of Science Fiction and Fantasy Artists
algemiene ynformaasje
ôfkoarting ASFA
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. feriening
wurkmêd science fiction- en fantasykeunst
haadkertier Harrisburg (Pennsylvania)
oprjochte foàr 1985
offisjele webside
www.asfa-art.org

De Association of Science Fiction and Fantasy Artists (Ingelsk foar: "Feriening fan Science Fiction- en Fantasykeuntners"), ôfkoarte ta ASFA, is in Amerikaanske feriening en non-profitorganisaasje op it mêd fan keunst dy't wijd is oan 'e literêre sjenres fan 'e science fiction en fantasy. De leden besteane út profesjonele yllustrators en boekbânûntwerpers, amateur-keunstners, art directors, organisators fan keunsteksposysjes, útjouwers en keunstsammelders. De organisaasje bestiet sûnt de iere 1980-er jierren en is fêstige yn Harrisburg, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania.

De doelstellings fan 'e ASFA binne om amateurtalint oan te moedigjen en te begelieden, om it publyk te ûnderrjochtsjen, en om spesifike ynformaasje te jaan oan sponsors, keunstsammelders en in elk dy't dêr belangstelling foar hat. Dêrnjonken rikt de ASFA elts jier yn alve ferskillende kategoryen de Chesley Awards út foar keunst op it mêd fan science fiction en fantasy. Dy prizen binne ferneamd nei de bekende astronomyske keunstner Chesley Bonestell. De útrikking fan 'e Chesley Awards fynt plak op 'e jierlikse Wrâldkonvinsje foar Science Fiction.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.