Chesley Award

Ut Wikipedy
Chesley Award
algemiene ynformaasje
hist. namme ASFA Award
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar science fiction- en fantasykeunst
útrikt troch ASFA
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1985
1e útrikking 1985
offisjele webside
www.asfa-art.org

De Chesley Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't yn 1985 ynsteld binne troch de Association of Science Fiction and Fantasy Artists (ASFA) mei as doel om erkenning te bieden oan yndividuële artistike prestaasjes op it mêd fan science fiction en fantasy. Oarspronklik waarden dizze prizen de ASFA Awards neamd, mar nei it ferstjerren fan 'e bekende astronomyske keunstner Chesley Bonestell waarden se yn 1986 nei dyselde ferneamd. De Chesley Awards wurde op jierlikse basis yn alve ûnderskate kategoryen útrikt, ornaris as ûnderdiel fan 'e World Science Fiction Convention (Worldcon).

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bêste omslachyllustraasjehardcover
  • bêste omslachyllustraasje – paperback
  • bêste omslachyllustraasje – tydskrift
  • bêste binnenyllustraasje
  • bêste trijediminsjonale keunstwurk
  • bêste kleurekeunstwurk – ûnpublisearre
  • bêste swart-wytkeunstwurk – ûnpublisearre
  • bêste produktyllustraasje
  • bêste yllustraasje op it mêd in fideospultsje
  • bêste art director
  • grutste artistike prestaasje
  • wichtichste bydrage oan 'e ASFA (oant en mei 2006)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.