Springe nei ynhâld

Arve Staxrud

Ut Wikipedy
Fan lofts nei rjochts: pelsjager en iisseeskipper Daniel Nøis, pelsjager Johan Nilsen Nøis, pelsjager Hilmar Nøis en, foaroan sittend, kapitein en poalreizger Arve Staxrud. De foto is naam yn fanwegen de rêdingsoperaasje op Spitsbergen nei Schrøder-Stranz 1912-13. De bruorren Daniel Nøis en Johan Nilsen Nøis wiene omkes fan Hilmar Nøis en namen him yn it seizoen 1909-10 mei op syn earste poalekspedysje

Arve Staxrud wie in Noarske legeroffisier, poalreizger en kartograaf. Tusken 1906 en 1920 died er mei oan ferskate ekspedysjes nei Spitsbergen.

Yn 1906 en 1910 naam Arve Staxrud as kartograaf diel oan de Noarske ûndersyksekspedysjes nei it noardwesten fan Spitsbergen ûnder lieding fan Gunnar Isachsen, en simmerdeis fan 1911 -14 late er tegearre mei de geolooch Adolf Hoel in rige ekspedysjes nei itselde gebiet, útrist troch de Noarske regearing, wêrby't wichtige stikken detaillearre yn kaart brocht waarden. Yn de maitiid fan 1913 late Staxrud in ekspedysje nei Nordaustlandet om de skipbrekkelingen fan de ekspedysje ûnder lieding fan Herbert Schröder-Stranz te rêden. It slagge him en bring de oerlibjende leden nei Isfjorden.

Fan 1916 oant 1924 wie er learaar oan de Vestuppland Folkehøgskule en fan 1924 oant 1930 oan de middelbere skoalle Brandbu. Oan de earstneamde joech er ek lichaamlike opfieding. Yn it konflikt mei Denemarken oer de Noarske besetting fan East-Grienlân wykte Staxrud ôf fan it offisjele Noarske stânpunt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is alhiel of foar in part basearre op materiaal út it Nordisk familjebok, Staxrud, Arve, 1904-1926.