Arie Ribbens
Arie Ribbens | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Arie Ribbens, augustus 2011 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1937 | |
berteplak | Eindhoven | |
stoarn | 2021 | |
stjerplak | Emmeloard | |
wurkpaad | ||
sjenre | Karnavalsmuzyk, | |
sjongtaal | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1958 – 2015 | |
offisjele webside | ||
arieribbens.nl IMDB-profyl |
Arie Ribbens (Eindhoven, 22 jannewaris 1937 – Emmeloard, 3 desimber 2021) wie in Nederlânske sjonger. Ribbens wenne jierrenlang yn Beetstersweach.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ribbens is hikke en tein yn Eindhoven. Nei de middelbere skoalle spile er yn ferskate bantsjes. Dêrnei waard er slachwurker yn ferskate regionale orkesten. Op it lêst waard er lieder by it kwartet fan Arie Ribbens.
Ribbens syn repertoire bestie benammen út feest- en karnavalsmuzyk en omfettet ûnder mear de nûmers Brabantse nachten zijn lang, Polonaise Hollandaise, Akketdoe, Polonaise achteruit, Ik ben verliefd op Hanja Maij-Weggen en Reggae te gek he. Polonaise Hollandaise is in min ofte mear Nederlânske oersetting, mar mei in eigen Nederlânske tekst, fan it nûmer Polonaise Blankenese fan de Dútsk-Poalske sjonger Gottlieb Wendehals. [1]
Ribbens spile in gastrol yn de film Filmpje! fan Paul de Leeuw. De lêste jierren skoarde er gjin grutte hits mear, mar yn it schnabbelsirkwy wie Ribbens oant febrewaris 2015 noch wol aktyf. Sûnt novimber 2008 trede hy tegearre mei Maggie MacNeal op as it duo Mouth & MacNeal. Hy ferfong de oarspronklike Mouth Willem Duyn, dy't yn 2004 ferstoar.
Ribbens brocht yn 2011 in nije single út: Met jou word ik honderd. Yn maaie 2013 lansearre Ribbens, yn de âlden fan 76 jier, yn de Feriene Steaten syn cd Een Nieuwe Weg per raket. [2]
Yn febrewaris 2015 makke Ribbens bekend dat er ophâlden wie mei sjongen fanwege skansearre stimbannen. [3]Ribbens krige yn 2009 foar de earste kear longkanker. De sykte kaam dêrnei in oantal kearen werom en yn 2019 die bliken dat der gjin genêzing mear mooglik wie. Dêrneist hie er swierrichheden mei de nieren, in stikkene heup en faskulêre demintens. Hy ferstoar yn de âldens fan 84 jier. De direkte deadsoarsaak wie COVID-19.[4]
Diskografy (ûnfolslein)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1973: 100 Jaar Arie Ribbens
- 1995: 15 Jaar feest
- 2001: 15 Jaar
- 2001: Feest met Arie Ribbens
- 2002: Het beste van Arie Ribbens
- 2002: Hollands goud
- 2013: Een nieuwe weg
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1969: Bloemen aan de muur
- 1969: Laat nu de kat maar komen/Oy, Oy, Oy (Wat staat ie je mooi)
- 1973: Mijn kleine Nathalie/Kwekkerde Kwek Kwek
- 1980: Brabantse nachten zijn lang
- 1982: Polonaise Hollandaise
- 1989: Liefde is leven (mei Nathalie)
- 1997: Laat je ketsjien, ketsjien
- 1997: Maria van de pizzeria
- 1998: De ouderwetse boerenblaaskapel
- 2000: Olie, olie, lekker in de olie
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|