Under de namme Arabysk-Normandysk Palermo en de katedralen fan Cefalù en Monreale binne sûnt de 39e sessy yn 2015 in oantal monuminten yn 'e Italjaanske regio Sisylje op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed ynskreaun.
Yn 'e rin fan 'e tiid droegen ferskillende folken oan 'e kultuer fan Sisylje by. Yn 'e âldheid wie Sisylje foar it grutste part Gryksk, wylst Palermo Fenisysk-Kartagysk wie. Dêrnei foel it ûnder it Romeinske Ryk. Nei de dieling fan it Romeinske Ryk kaam Sisyslje ûnder Byzantynsk bestjoer. Yn 'e 9e iuw oermasteren de Arabieren it eilân en yn 'e 11e iuw folge de Normandyske oermastering. De Noarmannen, dy't op Sisylje in eigen keninkryk stiften, foarmen de boppelaach, wylst de befolking foar it grutste part Gryksk of fan Arabyske oarsprong wie.
Ut dy kultueren ûntwikkele yn Sisylje in eigen keunststyl, dy't hjoed-de-dei Normandysk-Arabysk-Byzantynske keunst neamd wurdt. Dy keunst falt fral op yn 'e arsjitektuer. Sa foarmet it knobbige eksterieur fan 'e katedraal fan Monreale de Normandyske fariant fan 'e romaanske boustyl. De details oan 'e gevel lykas de inoar krusende bline bôgen fan 'e gevel en it ynliswurk oan 'e apsiden binne Arabyske styleleminten, wylst de mozaïken oan 'e muorren fan 'e Byzantynske kultuer tsjûgje.
9e-iuwske simmerresidinsje fan 'e emir fan Palermo. Troch Rogier II ferboud en sit fan 'e Normandyske keningen fan Sisylje (dêrfandinne de namme 'Palazzo dei Normanni' = Noarmannepaleis). Hjoed-de-dei de sit fan it parlamint fan Sisylje.
Tusken 1132 en 1140 ûnder kening Rogier II as hofkapel fan it Palazzo dei Normanni (Palazzo Reale) boud. Ynwijd yn 1140. Flier fersierd mei moarmer en porfier, Arabysk fykwurk oan it plafond, mozaïken oan 'e muorren en yn 'e koepel.
Yn 1165 ûnder Willem I útein set en yn 1167 ûnder syn soan Willem II foltôge. Kubusfoarmich bouwurk fan trije ferdjippings. Hjoed-de-dei it Museum foar Islamityske keunst.
Katedraal fan it aartsbisdom Palermo. Yn it lêste fearn fan 'e 12e iuw nei in ierdskodding op it plak fan in foargonger boud. Portikus út 1465 yn 'e styl fan 'e Katalaanske letgotyk. Tusken 1781 oant 1801 ferbouwing fan it ekterieur en tafoeging fan 'e koepel.
Sûnt 1143 ûnder Joaris fan Antiochje, de ammiratus fan kening Rogier II, as partikuliere kapel boud. Barokke gevel út de 17e iuw, sûnt 1943 parochytsjerke fan 'e parochy San Nicolò dei Greci mei de byzantynske ritus en de kokatedraal fan 'e eparchy Piana degli Albanesi.
Tusken 1154–1160 ûnder Maio fan Bari, de ammiratus fan kening Willem I, as partikuliere kapel boud, ien fan 'e lêste tsjerken op Sisylje yn Arabysk-Normandyske styl.