Springe nei ynhâld

Cefalù

Ut Wikipedy
Cefalù
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
regio Sisylje
Sifers
Ynwennertal 13.861 (31.12.2023)
Oerflak 66,24 km²
Hichte 16 m
Oar
Postkoade 90015
Koördinaten 38° 02' N 14° 19' E
Offisjele webside
www.comune.cefalu.pa.it
Kaart
Cefalù (Sisylje)
Cefalù

Cefalù (fan it Gryksk κεφαλή, itjinge 'holle' betsjut, Sisyljaanske: Cifalù) is in plak en gemeente op Sisylje, Itaalje. De namme slacht op in rots yn 'e foarm fan in hoed, dêr't de stêd om hinne boud is. It plak is toeristysk en fral bekend as baai- en fiskersplak. It skildereftige plakje leit likernôch 70 km east fan Palermo yn'e rjochting fan Messina.

Sant'Ambrogio is in frazioni fan 'e gemeente.

Om 858 n.Kr. waard de stêd troch de Arabieren en yn 1063 troch de Noarmannen oermastere.

De stêd is bekend fanwegen de tusken 1133 en 1148 ûnder Rogier II boude katedraal, dy't fersierd is mei 12e-iuwske Byzantynske mozaïken. Tegearre mei oare monuminten is de domtsjerke ien fan 'e UNESCO-wrâlderfgoedmonuminten dy't as Arabysk-Normandysk Palermo en de katedralen van Cefalù en Monreale ynskreaun is.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cefalù fan Wikimedia Commons.