Springe nei ynhâld

Aquastate

Ut Wikipedy
Aquastate
bouwurk
lokaasje
plak Ljouwert
adres Grinzer Strjitwei
bysûnderheden
type bouwurk Wettertoer
Appartemintekompleks
boujier 1925
oare ynformaasje
hichte 36 m

Aquastate is in ferboude eardere wettertoer oan de Grinzer Strjitwei yn Ljouwert. De wettertoer waard yn 1925 boud troch de Bredasche Beton Maatschappij. De ynhâld fan it wetterreservoir wie 1000 m³. De toer waard yn 2002 ferboud ta in appartemintekompleks en krige doe de namme Aquastate. It gebou stiet op it alfste plak yn de list fan heechste gebouwen fan Ljouwert.

De wettertoer waard yn 1999 foar 1 gûne kocht troch de Ljouwerter Theo Douma dy't de plannen makke foar de 9 apparteminten fan no.