Appenheim

Ut Wikipedy
Appenheim
Riedshûs.
Riedshûs.
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mainz-Bingen
ferbânsgemeente Gau-Algesheim
Sifers
Ynwennertal 1.417 (2022)[1]
Oerflak 6,98 km²
Hichte 183 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 55437
Koördinaten 49° 55' N 8° 1' E
Offisjele webside
www.appenheim.de
Kaart
Appenheim (Rynlân-Palts)
Appenheim

Appenheim is in wyndoarp yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Appenheim is mei de stêd Gau-Algesheim ien fan 'e sân Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Gau-Algesheim.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Appenheim leit likernôch 12 km súdwest fan Mainz en hat in agrarysk karakter. Ingelheim am Rhein leit sa'n 5 km noardlik fan 'e gemeente. Troch it doarpsgebiet streamt de Welzbach en syn sydrivierkes de Wethbach en de Dúnbach. Nei it noardeast hinne wurdt de delling fan 'e Welzbach troch de Westerberch begrinzge.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Appenheim waard foar it earst yn 882 neamd yn it Gouden Boek fan 'e abdij fan Prüm. Sûnt de 12e iuw hearde Appenheim by Kar-Palts en tusken 1311 oant 1324 wie it plak tydlik ferpâne oan 'e greven fan Sponheim, dy't oer de oanbuorjende gemeente Ober-Hilbersheim hearsken. Appenheim lei oan 'e grins fan it Mainzer karfoarstedom, dêr't it oanbuorjende Gau-Algesheim by hearde. De lokaasje oan 'e grins sette iuwenlang syn stimpel op 'e Appenheimers en noch jimmeroan leit Appenheim yn 'e omgongstaal 'yn 'e Palts'.

Yn 'e earste dessinia fan 'e 19e iuw makke Appenheim fral yn 'e agraryske sektor in tiid fan bloei mei. Troch de befolkingsoanwaaks naam lykwols de wurkleazens ta en moasten in soad minsken emigrearje nei de Feriene Steaten. Yn dy tiid sakke it tal ynwenners fan Appenheim.

Sûnt 1930 krige de NSDAP in soad oanhing. Yn 1942 waarden de Appenheimer joaden nei Theresienstadt deportearre. Op 20 maart 1945 marsjearden alliearde troepen Appenheim yn.

Doarpssicht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: