Aoife Clancy

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aoife Clancy
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Aoife Clancy
nasjonaliteit Flag of Ireland.svg Iersk
berne 1966
berteplak Carrick-on-Suir (Ierlân)
etnisiteit Flag of Ireland.svg Iersk
wurkpaad
sjenre folksmuzyk, Keltysk
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint gitaar
grutste hit(s) Silvery Moon
The Earl of March's Daughter
jierren aktyf ±1980 – no
offisjele webside
www.aoifeclancy.com

Aoife Clancy (útspr. foarnamme: ['i:fə], "iife"; Carrick-on-Suir, 1966) is in Iersk sjongster en muzikante dy't har benammen taleit op it meitsjen fan folksmuzyk en Keltyske muzyk. Hja is de dochter fan Bobby Clancy (1927-2002), in legindaryske Ierske folksmuzikant.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clancy waard yn 1966[1] berne yn Carrick-on-Suir, in lytse plakje yn it Ierske greefskip Tipperary, as de dochter fan folksmuzikant Bobby Clancy en dy syn frou, skoaljuffer Moira Mooney. Hja hat in âldere suster, Roisin (1966), in jongere suster, Aideen (1979), en in jonger broer, sjonger Finbarr Clancy (1970). Har heit, dy't sels grutte faam wûn hie as ien fan 'e Clancy Brothers, stoppe har mei tsien jier in gitaar yn 'e hannen, en tsjin 'e tiid dat se fjirtjin jier wie, begelate se him dêrop by optredens yn kroegen yn 'e wide omkriten. Letter ferfear Clancy nei de Ierske haadstêd Dublin, dêr't se toaniel studearre oan 'e Gaiety School of Acting.

Nei har earste jier dêre krige se fia har heite kunde in útnûging om in jier mei op toernee yn Austraalje. Hja trede dêr op by festivals en konserten en dielde it poadium mei guon fan Ierlâns grutste artysten, wêrûnder Christy Moore en de Furey Brothers. Letter gie se ek op toernee mei de Clancy Brothers troch it Karibysk Gebiet, en yn 'e Feriene Steaten stie se û.m. op it Milwaukee Irish Festival yn Milwaukee (Wiskonsin). Yn 1995 waard Clancy frege om lid te wurden fan 'e band Cherish the Ladies, ien fan 'e populêrste Iersk-Amerikaanske groepen ea. Sadwaande gie se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren allegeduerigen op toernee yn 'e Feriene Steaten en ek yn Jeropa, wêrby't se meiwurke oan likernôch twahûndert konserten jiers.

Yn dyselde snuorje brocht Clancy har beide earste solo-cd's út by plateprodusint Rego Records. Op har debút-cd It's About Time, út 1994, fertolke se û.m. ferskate tradysjonele Ierske lieten, wêrûnder Factory Girl en Mrs. McGrath, mar liet se ek nijer wurk hearre. Op har twadde album, Soldiers and Dreams, út 1997, besocht se tradysjonele en moderne folksmuzyk mei-inoar te kombinearjen. Yn 2002 kaam Clancy har trêde album út by Appleseed Recordings, mei as titel Silvery Moon. Dêrop song se de titelsong Silvery Moon, en fierders û.m. it gefoelige The Nightbird en it tragyske The Earl of March's Daughter.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1994 – It's About Time
  • 1997 – Soldiers and Dreams
  • 2002 – Silvery Moon

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hitchner, Earle, Bobby Clancy dies at 75, yn: Irish Echo, 11-17 sept. 2002