Aoibhinn Ní Shúilleabháin
Aoibhinn Ní Shúilleabháin | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Aoibhinn Ní Shúilleabháin | |
nasjonaliteit | Iersk | |
berne | 25 oktober 1983 | |
berteplak | Castlebar | |
etnisiteit | Iersk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | dosinte, presintatrise en muzikante | |
medium | tillefyzje, radio | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
Aoibhinn Ní Shúilleabháin yn 'e IMDb |
Aoibhinn Ní Shúilleabháin (útspr.: [ˈiːvʲɪn̠ʲ n̠ʲiː ˈhuːl̠ʲəwaːnʲ], likernôch: "ii-vjinj njii hûû-ljuh-ûanj"; Castlebar, 25 oktober 1983) is in Iersk dosinte, presintatrise en muzikante. Hja wûn yn 2005 it Ynternasjonaal Festival Rose of Tralee, dat de Ierske etnyske identiteit fiert.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeugd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aoibhinn Ní Shúilleabháin waard yn 1983 yn Castlebar berne as de dochter fan har âlden Arthur en Máire. Har heit wie direkteur fan it Mayo Education Centre en har mem wie ûnderdirektriser fan 'e Castlebar Irish School. Se groeide op yn Chathrú na Con yn it greefskip Mayo. Aoibhinn wie it âldste bern yn 'e húshâlding fan har âldelju; hja hat fiif bruorren. Aoibhinn en har bruorren binne lid fan 'e Comhaltas Ceoltóirí Éireann (de "Feriening fan Muzikanten fan Ierlân").
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aoibhinn behelle yn 2005 in bachelor yn teoretyske natuerkunde oan it Universiteitskolleezje Dublin. Yn 2009 studearre se foar in doktoraat oan it Trinitykolleezje, Dublin, dêr't se njonken har stúdzje eveneminten organisearre foar it Science Theatre. Datselde jiers helle se har foech om les te jaan yn it middelber ûnderwiis. Yn 2016 waard se doktor yn 'e wiskunde.
Rose of Tralee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aoibhinn die yn 2005 mei oan de kompetysje fan it Ynternasjonaal Festival Rose of Tralee, dat de Ierske etnyske identiteit fiert. Se wûn de earste omgong fan op 15 juny 2005, doe't se it liet Summerfly song. Se wie doe 22. Aoibhinn har heit hie har foar de talintejacht ynskreaun, en sels wie se dêr earst net sa bliid mei, mar úteinlik se wûn de wedstryd. It hie har bedoeling te gean om in moanne letter nei it Universiteitskolleezje, Dublin te gean om ein oktober fan dat jier in mastergraad yn ynformatika te beheljen, mar ynstee bleau se om de fertsjintwurdiger te wêzen fan it Rose of Tralee-festival.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aoibhinn wie de leadsjongster fan Ragús, in band dy't Keltyske muzyk spilet. Dêr gie se yn 2007 mei op toernee nei de Feriene Steaten, Japan en troch hiel Europa.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aoibhinn wurke as leararesse yn oplieding yn wiskunde, natuerkunde en Iersk yn Tallaght, in wyk fan Dublin.
Media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2007 kaam Aoibhinn yn it programma The Panel foar it earst op 'e tillefyzje op RTÉ Two.
Se naam diel oan it seizoen 2008 fan Celebrity Bainisteoir (Celebrity Manager) op RTÉ One, wêryn't se de manager wie fan in fuotbalteam út Kiltimagh. Yn juny en july 2009 wie Aoibhinn seis ôfleverings lang de presintatrise fan in wykliks programma oer folksmuzyk mei de namme The Reel Deal op RTÉ. Yn maart 2010 wie se yn maart 2010 ambassadrise foar Seachtain nei Gaeilge.
Aoibhinn presintearre op RTÉ ek twa seizoenen lang in reisprogramma, Getaways, tegearre mei Joe Lindsay. Yn 2013 krige se in baan as presintatrise fan in radioprogramma dat tsien wiken lang te hearren wie op RTÉ Radio 1, mei as namme Aoibhinn and Company. Se ferskynde yn 2014 yn it RTÉ-programma Fleadh Cheoil, tegearre mei John Creedon. Sûnt 2012 is se ien fan de presintators fan it RTÉ-programma The Science Squad, mei Jonathan McCrea en Kathriona Devereux. Se docht mei harren ek de presintaasje fan it programma 10 Things to Know About, dat yn 2017 útein sette.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stalking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aoibhinn waard twa jier lang stalkt troch in heechlearaar. Yn in fraachpetear mei de Irish Times sei se dat se benaud wie om allinne op de kampus te wêzen en dat se dêrtroch hast opholden wie mei har karriêre. Har stalker waard yn 2019 troch de rjochter skuldich befûn oan yntimidaasje. Hy rekke syn baan kwyt en de universiteit bea ekskuzes oan Aoibhinn oan. Aoibhinn kaam mei har ûnderfinings op dit mêd nei bûten ta om oandacht te fêstigjen op de yntimidaasje dy’t froulju op universiteiten oerkomt.
Relaasje en gesin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aoibhinn hie fan 2009 oant 2014 in relaasje mei de Ierske presintator Ryan Tubridy. Yn 2017 troude Aoibhinn mei Carlos Diaz, in grafysk ûntwerper. Se krigen yn de simmer fan 2019 in soan en se neamden him Naoise Garcia. In twadde soan waard yn oktober 2020 berne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |