Antonievkleaster (Novgorod)
Antoniev-kleaster
Антониев монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Novgorod | |
plak | Veliki Novgorod | |
koördinaten | 58° 32' N 31° 17' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1106 | |
Ynformaasje bou | ||
monumintale status | Federaal monumint/wrâlderfgoed | |
monumintnûmer | 531420064400006 | |
Kaart | ||
It Antoniev-kleaster (Russysk: Антониев монастырь; Antoniev Monastyr) wie mei it Joerjevkleaster ien fan 'e wichstichste kleasters fan 'e midsiuwske republyk Novgorod. It kleaster stiet oan 'e rjochter kant fan 'e Volchov noardlik fan it stedssintrum fan Veliki Novgorod en heart as ûnderdiel fan de 'Histoaryske Monuminten fan Novogorod en omkriten' ta it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 1117 stifte troch de muonts Antonius fan Rome. De omstannichheden fan syn komst nei Novgorod binne legindarysk en wurde beskreaun yn hagiografyske manuskripten. Dêrneffens soe Antonius oarspronklik út Rome komme en fanút de kusttreken dêr op in rots nei Novgorod dreaun wêze. Nei't er op 'e dei fan 'e feestdei fan 'e berte fan Marije yn 1006 op 'e igge fan 'e Volchov oanspielde, stifte er op dy lokaasje in kleaster, dêr't er sels abt waard.
Yn 1117 liet Sint-Antonius de Bertekatedraal bouwe, dy't yn 1119 troch biskop Jehannes ynwijd waard. Ut dy tiid binne in pear midsiuwske fresko's bewarre bleaun,dy't fral yn 'e apsis te finen binne. De measte fresko's fan 'e katedraal datearje lykwols út de 16e en 17e iuw. Antonius waard yn 1131 wijd ta hegumen fan it kleaster en waard rjochts fan it alter yn 'e selde tsjerke begroeven.
De Bertekatedraal fan'e Mem Gods is lykas de Joariskatedraal fan it Joerjev-kleaster ien fan 'e seldsume tsjerken mei trije koepels yn Ruslân. Ek is de tsjerke ien fan 'e seldsume Russyske gebouwen út de 12e iuw.
Yn 1740 waard yn 'e kleastermuorren in seminaarje iepene. Ien fan 'e learlingen wie de hillige Tichon fan Zadonsk. It seminaarje waard yn 1918 sletten en in pear jier letter waard ek it kleaster opheft. It kleaster is op it stuit yn hannen fan it regionale museum en is noch net werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Bertekatedraal (1117-1119) -
Fresko (1125) -
Presintaasjetsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Antoniev Monastery
|