Anton Delvig

Ut Wikipedy
Anton Delvig

Baron Anton Antonovich Delvig (Анто́н Анто́нович Де́львиг) (17 augustus 1798, Moskou - 26 jannewaris 1831, Sint Petersburch) wie in Russysk dichter en redakteur dy't oan it lyseumTsarskoje Selo tagelyk mei Aleksander Poesjkin studearre hat. Poesjkin waard in grutte freon. Poesjkin droech in gedicht (O, Delvig) oan him op.

Delvig syn poëzij stiet yn de Russyske tradysje fan it Neoklassisisme. Hy hie niget oan Russysk folklorisme en hat tal fan folkssangen neimakke. Guonts binne op muzyk set troch komponisten as Aleksander Aljabilev en Michail Glinka.

As sjoernalist wie er redakteur (1825-1831) fan it perioadyk 'Noardske Blommen', dêr't Poesjkin ek regelmjittich ta bydroegen hat. Yn 1831 en 1832 siet er mei Poesjkin yn de redaksje fan de Literêre Gazet', mar dat blêd waard letter ferbean troch it tsaristysk regear nei in stik fan Faddej Boelgarin dat har net noaske.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]