Michail Glinka

Ut Wikipedy
Mikhail Glinka yn 1856
Glinka troch Ilja Repin, 30 jier nei syn dea.

Michail Ivanovitsj Glinka, Russysk: Михаил Иванович Глинка, (Novospasskoje (gûv. Smolensk), 1 juny 1804 - Berlyn, 15 febrewaris 1857) wie in Russyske komponist.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie de soan fan in rike lâneigner (in eks-legerkaptein), en waard yn 1817 nei skoalle yn Sint-Petersburch stjoerd. Dêr krige er in jier les fan de Ierske komponist John Field, dy't him yn 1803 yn Sint-Petersburch festige hie. Boppedat learde er fioelespyljen en myzykteory. It wie syn heite winsk dat er yn tsjinst gie fan it ministearje fan Kommunikaasje. Hy wurke dêr fan 1824 oant 1828.

Om't er net hoechde te wurkjen om troch de tiid te kommen en him hielendal oan de muzyk wije woe, naam er ûntslach. Fan 1830 oant 1833 wie er yn Itaalje, dêr't er yn Milaan by de sjonger en komponist Basili studearre. Dêrnei gie er nei Wenen en doe nei Berlyn, dêr't er learde by Siegfried Dehn, dy't him advisearre om myzyk mei in Russyske grûnslach te skriuwen. Doe't syn heit op stjerren lei gie er werom nei Sint Petersburch en dêr arbeide er oan syn opera In libben foar de Tsaar. It slagge him om de opera útfierd te krijen yn 1836. Troch famyljeomstannichheden duorre it oant 1842 eardat de bekendere opera Roeslan en Ljoedmila, nei in gedicht fan Aleksander Poesjkin, opfierd waard.

Yn 1844 besocht er Parys, Spanje en 1848 Warschau en Frankryk wer fan 1852 - 1854. It wie by in besite oan Berlyn 1856 - 1857 dat er stoarn is.

Belang[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Glinka wie de earste Russyske komponist dy't besocht in nasjonaal Russyske muzykstyl te skeppen. Syn muzyk wie in ynspiraasjeboarne foar lettere komponisten lykas Tsjaikovski, Nikolaj Rimski-Korsakov en de komponisten fan It Machtige Heapke. Hy wurdt dêrom ek wol de heit fan de Russyske muzyk neamd.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Soviet-astronoom Ljoedmila Tsjernykh hat yn 1973 in asteroïde nei him neamd: 2205 Glinka.

Komposysjes (ûnfolslein)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurk foar orkest[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Symfonyen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1824 Symfony yn Bes-grut
  • 1834 Uvertuere-Symfony oer Russyske tema's (net ôfmakke)
  • Oekraynske Symfony (fragminten fan de 1e beweging)
Stânbyld by it Mariinsky Teater yn Sint Petersburch.

Ouvertueres[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1822-1826 Uvertuere yn D-grut
  • 1822-1826 Uvertuere in g-lyts
  • 1845 Spaanske Uvertuere Nr.1 - Capriccio - Jota aragonesa
  • 1845 Spaanske Uvertuere Nr.2 - Recuerdos de Castilla - Te binnen bringen fan in simmernacht yn Madrid

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1823 Andante cantabile en Rondo
  • 1839/1856 Falske-fantasy in b-lyts
  • 1848 Kamerinskaja, scherzo orkestfantasy
  • 1855 Polonêze yn F-grut - oer in Spaansk bolero-tema

Tsjerkemuzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1837 Ingelen-Liet yn C-grut, foar seis stimmen
  • 1856 Earste litany, foar fjouwer stimmen
  • 1856 Lit him myn gebed ferfulle, foar twa tenoaren en bas
  • 1856-1857 De opstanningshymne, foar 2 tenoaren en bas

Kantates[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1826 Prolooch by it ferstjerren fan Tsaar Aleksander I en de ynhuldiging fan tsaar Nikolaas I, kantate foar solo-tenor, mingd koar, piano en kontrabas - tekst: nei Olidor

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Michail Glinka fan Wikimedia Commons.