Springe nei ynhâld

Antoine de Kom

Ut Wikipedy
Antoine de Kom
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Raymond Sarucco
echte namme Antoine Adrianus Raymondus de Kom
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 13 augustus 1956
berteplak De Haach
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Poëzy, proaza
bekendste
  wurk(en)
Tropen (1991), Zebrahoeven (2001)
prizen VSB Poëzypriis (2014)
jierren aktyf 1989-no
offisjele webside
DBNL-profyl

Antoine Adrianus Raymondus de Kom (De Haach, 13 augustus 1956) is in Nederlânsk psychiater, skriuwer en benammen dichter fan Surinaamsk komôf.

Antoine de Kom sprekt Nobelpriiswinner Derek Walcott ta yn de aula fan de Universiteit fan Amsterdam, 20 maaie 2008. Foto: Bert Nienhuis

De Kom syn pake wie de bekende Surinaamske nasjonalist en fersetsman Anton de Kom. Antoine de Kom wenne fan 1966 oant 1971 yn Paramaribo. Hy studearre genêskunde oan de Universiteit fan Amsterdam en wurke as forinsysk psychiater oan it Pieter Baan Sintrum. Hy debutearre yn 1989 yn it tydskrift De Gids ûnder it pseudonym Raymond Sarucco. Dêrnei publisearre er gereldwei yn De Revisor en yn Hollands Maandblad. Syn earste bondel ferskynde yn 1991.

Antoine de Kom hat yndruk makke mei firtuoas toansette en histoarysk djipgeande gedichten yn Tropen (1991), De kilte in Brasilia (1995), Zebrahoeven (2001) en Chocoladetranen (2004). Alderlei foarmen fan kontrastwurking bepale de styl fan De Koms poëzy: de antytese, de paradoks, parallelle konstruksjes dy't ynhâldlik of formeel elkoars tsjinstelde foarmen, ferskowingen dy't oare betsjuttings opsmite, de wurden dy't op mear as ien wize útlein wurde kinne, de dûbelsinnichheid.

Yn 2013 spriek Antoin de Kom de tredde Cola Debrot-lêzing fan de Wurkgroep Karaïbyske Letteren út.

Op 29 jannewaris 2014 ûntfong er de VSB Poëzypriis foar syn bondel Ritmisch zonder string.

  • 1991 - Tropen
  • 1995 - De kilte in Brasilia
  • 2001 - Zebrahoeven
  • 2004 - Chocoladetranen
  • 2008 - De lieve geur van zijn of haar
  • 2012 - Het Misdadige Brein : over het kwaad in onszelf
  • 2013 - Ritmisch zonder string (trije gedichten dêrút waarden opnaam yn De 100 beste gedichten gekozen door Ahmed Aboutaleb voor de VSB Poëzieprijs 2014 (2014)
  • 2021 - Demararamen

Oer Antoine de Kom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Michiel van Kempen, 'Antoine A.R. de Kom.' Yn: Kritisch Lexicon van de moderne Nederlandstalige literatuur, ôfl. 88, febrewaris 2003. 10 ss.
  • Michiel van Kempen, Een geschiedenis van de Surinaamse literatuur. Breda: De Geus, 2003, diel II, siden 1139-1143.