Springe nei ynhâld

Antiljaanske gûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Antilliaanske gûne)
Antiljaanske Gûne
Basisynformaasje
Lân Kurasau en Sint-Marten
Ferdieling 100 sinten
ISO 4217-kôde: ANG
Skaaimerke Naf
Wikselkoers (april 2008) 1 USD = 1,79 ANG (fix)

1 EUR = 2,8516 ANG

1 ANG = 0,35067 EUR

De Antiljaanske gûne (ANG), of Nederlânsk-Antiljaanske gûne, is de muntienheid fan de eardere Nederlânske Antillen. De muntienheid wurdt noch altyd brûkt op Kurasau en Sint-Marten. Op Arûba wie it oant 1986 de muntienheid (sûnt hat dat eilân de Arûbaanske floryn). Doe't Bonêre, Saba en Sint-Eustasius yn 2011 Karibysk Nederlân kamen te foarmjen, waard dêr de Antiljaanske gûne ferfongen troch de Amerikaanske dollar.

Yn de 18e iuw sirkulearre de Nederlânske gûne yn de Nederlânske Antillen. Yn 1794 waard dit oanfold mei in tal munten dy’t spesjaal foar de Nederlânske delsettings yn West-Ynje wienen. Yn dizze tiid wie de gûne yn 20 stuorren ferdield.

Tusken 1799 en 1828 sirkulearre de reaal op dizze eilannen. De Nederlânske gûne waard wer yntrodusearre yn 1828, no ferdield yn 100 sinten. Yn 1940 waard, as gefolch fan de Twadde Wrâldkriich, de Antiljaanske gûne ûntkeppele fan de Nederlânske gûne. Ynstee dêrfan waard de munt keppele oan de Amerikaanske dollar. De wikselkoers waard fêstlein op 1 USD = 1,78 ANG. De wearde fan de Antiljaanske gûne is dus net hielendal lyk oan dy fan de Arûbaanske florin.

Understeande munten wurde brûkt:

  • 1 sint
  • 5 sint
  • 10 sint
  • 25 sint
  • 50 sint
  • 1 gûne
  • 2½ gûne
  • 5 gûne

Ek is der in munt fan 2½ sint. Dizze munt wurdt net mear útjûn.

Understeande bankbiljetten wurde brûkt:

  • 5 gûne
  • 10 gûne
  • 25 gûne
  • 50 gûne
  • 100 gûne
  • 250 gûne

De biljetten fan 5 gûne wurde net mear útjûn. De biljetten fan 250 gûne wurde oer it algemien net brûkt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]