Springe nei ynhâld

Annie de Jong

Ut Wikipedy
Annie de Jong-Zondervan
sporter
Annie Zondervan yn 1928
Annie Zondervan yn 1928
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 10 septimber 1907
berteplak Aldeboarn
stjerdatum 14 oktober 1972
stjerplak Ljouwert
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Horden
ekstra Twarres Ned. kampioen 80 m (1929, 1930), Ned. rekordhâldster 80 m 1929-1933

Annie de Jong-Zondervan (Aldeboarn, 10 septimber 1907 - Ljouwert, 14 oktober 1972) wie in atlete.

Se waard twaris kampioen fan Nederlân op de 80 meter horden (1929, 1930). Annie de Jong wie Nederlânsk rekôrhâldster op dat nûmer tusken 1929-1933. Se wie Frysk kampioene reedriden op de koartebaan. As lid fan turn- en atletykferiening Quick yn Huzum makke se diel út fan de 4x100 meter estafetteploech. Se treende ek foar de Olympyske Spullen fan Amsterdan yn 1928. Hja wie troud mei de yn 1970 ferstoarne foarsitter fan it turnbûn en Quick-man Jan D. de Jong.

De Jong wie ek in goede koartebaanrydster

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: