Springe nei ynhâld

Anne Porte

Ut Wikipedy
Anne Porte
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Antje Porte
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 novimber 1902
berteplak Alde Leie
stoarn 29 maaie 1984
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as byldzjend keunstner

Antje (Anne) Porte (Alde Leie, 28 novimber 1902 - Ljouwert, 29 maaie 1984)[1] wie in nillekeunstneresse út Aldebiltsyl. Hja krige tekenlessen fan Hein Froonen (1878-1958) en gie nei de skoalle foar tekenleararen yn Amsterdam. Anne Porte krige les yn gobelintechnyk fan frou Van Loghem. Se wie earst ferpleechster en dêrnei ferbûn oan de Ryksgebouwetsjinst, ûnder oare foar werstel fan de gobelins op Hûs De Bosk. Se makke gobelins en die oan bordueren en skilderjen (ûnder oare portret en lânskip).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berte- en stjertegegevens fan Anne Porte yn it Biografysk Portaal