Springe nei ynhâld

Anne Feddema

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anne Hendrik Berend Feddema)
Anne Feddema

Anne Feddema (folút: Anne Hendrik Berend Feddema; Ljouwert, 24 septimber 1961) is in Fryske dichter, skriuwer en byldzjend keunstner. Hy wûn yn 2007 de Margaretha de Heerpriis foar syn byldzjende keunst. Yn 2009 wûn hy de prestisjeuze Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel 'Reidhintjse op’e Styx'. Yn 2016 krige hy de Rink van der Veldepriis foar syn koarte ferhalebondel 'De Triennen Fan Cheetah'.

Feddema groeide op yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle folge hy twa jier lang, fan 1986 oant 1988, de keunstnersoplieding by Ateliers ’63 yn Haarlim.

Dichter en skriuwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997 trede hy op foar it Poetry International-festival yn Rotterdam. Anne Feddema skriuwt yn it Frysk, mar ek yn it Stedsk en Nederlânsk. Boppedat sette hy wurk oer fan oare dichter-keunstners yn it Nederlânsk lykas fan Kurt Schwitters, Hans Arp, Godfried Benn, Paul Klee en Wassily Kandinsky. Foar Omrop Fryslân makke hy radiokollums yn it Stedsk, dy’t alle wiken te hearren wienen.
Hy die ek optredens op it Oerol Festival op Skylge.

Byldzjend keunstner

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skilderijen fan Anne Feddema binne ludyk en bûnt. Hy bewûndert de Dadaïsten en mingt dizze ynfloeden yn syn wurk. De dichters dy’t hy lêst, fine wy as figueren werom yn syn wurk, lykas Velimir Chlebnikov, Vladimir Majakovski, en Aleksander Poesjkin. Dêrneist wurde oare figueren ôfbylde, lykas Vincent van Gogh, Claude Monet, mar ek in Franz Liszt op de fyts, en in Wolfgang Amadeus Mozart op syn stjerbêd. Ek religy en mytology spylje in rol. Mei absurdistyske komposysjes as Yntocht fan Kristus yn de buert fan Beetstersweach stelt hy dy tema’s ter diskusje.

Syn skilderwurken waarden yn de ôfrûne jierren útstald yn it Frysk Museum, it Grinzer Museum, yn Potsdam, yn Vilnius en yn ferskate Fryske Musea, dêr't it Museum Belvedêre yn It Oranjewâld en it Museum Smellingerlân yn Drachten by binne.

Wurk as skriuwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Slapstickiepenbierings (1997)
  • Reidhintjse op ’e Styx, Waterhoentje op de Styx (2005)
  • Torpedo's (2010)
  • Op myn stjerbêd wol ik tate ha (2013)
  • De Lippebiter fan L.. In kar út syn oeuvre en nij wurk, Frysk/Nederlânsk (2020)
  • In ferhaal yn It each fan de griffioen (sammelbondel, gearstald troch Ernst Bruinsma en Baukje Wytsma)
  • Skúnpútsers gúd, gearstalling fan syn Liwadder kollums op Omrop Fryslân (2009)
  • De triennen fan Cheetah (ferhalebondel, 2014)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]