Anna Sipkema
Appearance
Anna Sipkema (Liens, 6 septimber 1877 - Amsterdam, 30 july 1933) wie in Nederlânske grafysk ûntwerpster en weefster.
Sy folge fan 1894-1897 de Ryksnormaalskoalle foar Tekenûnderwizers yn Amsterdam.
Fan 1904 ôf wie hja learares tekenjen oan de Deiteken- en Keunststambachtsskoalle foar Famkes yn Amsterdam.
Tusken 1901 en 1911 wie sy boekbânûntwerper foar in tal útjouwers sa as: C.A.J. van Dishoeck, G.B. van Goor, P.H. van Kampen, Van Holkema & Warendorff en L.J. Veen. Har wurk wurdt wol yn ferbân brocht mei bûtenlânsk Art Nouveau en hat wol wat fan it wurk fan Gustaaf van de Wall Perné. Sy makke ûnder mear de jierkalinder Bloem en Blad (Utj. Van Dishoeck). Nei 1911 wurke se meast as weefster en joech sy ek les yn weven.
Boekbannen fan Anna Sipkema
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anna Sipkema fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|