L.J. Veen (útjouwerij)
Appearance
L.J. Veen is in Nederlânske útjouwerij, dy't yn 1887 oprjochte waard troch Lambertus Jacobus Veen (1863-1919). It bedriuw gie yn 2012 mei ferskate oare útjouwerijen op yn Atlas Contact.
It fûns fan L. J. Veen befettet in grut tal literêre klassiken, dêr't it wurk fan Louis Couperus, Ivan Toergenjev, Gustave Flaubert en Charles Dickens ûnder is. De útjouwerij jout ek eigentiidske Nederlânske fiksje en net-fiksje fan skriuwers sa as Willem Brinkman, Nicolet Steemers, Joost Prinsen en Frank Ketelaar, literêre sportskriuwers as Bert Wagendorp, Hugo Borst, Wilfred Genee, Erik Brouwer en Bert Hiddema en sjoernalisten as Kustaw Bessems, Gawie Keyser en Kees Beekmans.
It hurdriderstydskrift De Muur wurdt ek troch Veen útjûn.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- [Th.J. van der Wal] Kort overzicht van de geschiedenis van L. J. Veen's uitgeversmaatschappij N. V. Amsterdam, 1887 1 maart 1947. Amsterdam, Veen, 1947
- Supplement tot 1962 op het kort overzicht van de geschiedenis van L. J. Veen's uitgeversmaatschappij N. V. Amsterdam, 1887 1 maart 1947. Amsterdam, Veen, 1947.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory L. J. Veen fan Wikimedia Commons. |