Anna Amore

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Anna Amore
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Anna Amore.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Stormy Weather, Stormy Weathers
echte namme Natalie Moore
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 25 augustus 1967
berteplak St. Louis (Missoery)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19942002
offisjele webside
annaamore.com

Anna Amore, echte namme: Natalie Moore (St. Louis, 25 augustus 1967), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Stormy Weather of Stormy Weathers. Neffens har offisjele opjefte is se (of wie se alteast ûnder har pornokarriêre) 1.68 m, mei in gewicht fan 59 kg en kupmaat 38DD, dêr't se oan kommen wie troch in boarstfergruttingoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anna Amore waard yn 1967 berne, wierskynlik yn St. Louis, yn 'e steat Missoery, al wol de Internet Adult Film Database (IAFD) hawwe dat se berne is yn it Teksaanske San Antonio. Hoe dan ek, se groeide op yn Farmington Hills, in plak yn 'e steat Michigan, op likernôch in oere riden fan Detroit ôf. Amore studearre oan 'e Universiteit fan Michigan, en hat in bachelorstitel yn finansjeel behear.

Yn 'e earste helte fan 'e jierren njoggentich liet se har boarsten fergrutsje en begûn se as neakenmodel te posearjen foar neakenblêden as Score en Hustler's Busty Beauties. Har debút yn in pornografyske film makke se yn 1994, doe't se 27 jier wie, yn The Lost Tapes fan it label Zane Entertainment Group. It jiers dêrop ferfear se nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't se mei help fan kollega-pornoaktrise Heather Hunter serieus úteinsette mei har pornokarriêre. Se woe lykwols net foar de kamera anale seks hawwe, nei eigen sizzen om't se oan har heit ûnthjitten hie dat se dat nea dwaan soe.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Amore ûnder har karriêre yn totaal yn 88 pornofilms. Foar in part wiene dat produksjes fan studio's dy't har spesifyk talizze op it grutte-boarstesjenre, lykas Topper Video, Big Top Video en Napali Video, mar se wurke ek foar foaroansteande, algemienere labels as Vivid Entertainment, VCA Pictures, Elegant Angel, Wicked Pictures, Sin City, New Sensations en Extreme Associates. Yn 2002 loek Amore har úteinlik werom út 'e pornoyndustry. Har offisjele webside (AnnaAmore.com) is noch altyd online, mar wurdt al jierren net mear by de tiid brocht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: