Springe nei ynhâld

Andronikovkleaster

Ut Wikipedy
Andronikov kleaster
Андроников монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Andronjevskaja pl. 10, Moskou
koördinaten 55° 43' N 37° 39' E
Kleastergegevens
oprjochting 1357
opheffing 1918
Ynformaasje bou
boujier 16e oant 21e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 771420966980006
Webside
andronikovmon.ru
Kaart
Andronikovkleaster (Moskou)
Andronikovkleaster

It Andronikovkleaster (Russysk: Андро́ников монасты́рь; Andronikov monastyr) of it Andronikovkleaster fan it Hillich Antlit fan Us Ferlosser (Андроников Нерукотворного Спаса) is in earder kleaster yn Moskou op 'e lofter kant fan 'e rivier de Jaûza. It waard yn 1357 bûten Moskou troch de metropolyt Aleksius oprjochte en ferneamd nei de earst kleasteroerste Andronikus, in learling fan Sergius fan Radonezj. Hjoed-de-dei leit it kleaster binnen de grinzen fan Ruslân's haadstêd. De Kleasterkatedraal fan it Hillich Antlikt fan de Ferlosser is de âldste, noch besteande tsjerke fan Moskou (fan 'e Bertetsjerke yn it Moskouse kremlyn oerlibbe allinnich it koer).

Loftfoto.

Neffens hagiografyske beskriuwings kaam de Kiëvse metropolyt Aleksius by syn seereis nei Konstantinopel yn in fûle stoarm telâne. De noed wie heech en Aleksius swarde dat er, as hy it belibje mocht en de haven feilich binnefarre soe, ta eare fan 'e hillige dy't dan de feestdei hie, in kleaster stiftsje soe. Op 'e otterdokse feestdei fan it 'Ofbyld fan Kristus net troch minskehannen makke' farde de hierarch feilich de haven yn. De hierarch kaam syn ûnthjit nei en stifte op 1357 in kleaster by Moskou mei dat patrosinium.

De earste abt fan it kleaster wie Andronikus, ien fan 'e learlingen fan 'e letter hillich ferklearre muonts Sergius fan Radonezj.

Ferlosser- of Spasski-katedraal.

In brân yn 1368 lei de houten katedraal yn 'e jiske. De houten katedraal waard tusken 1420 en 1427 ferfongen troch in katedraal fan wite kalkstien, dêr't ek de earste abt fan it kleaster yn begroeven waard. Alhoewol't de katedraal faak ferboud waard, bestiet de katedraal noch altiten en wurdt it as it âldste, noch besteande arsjitekturale monumint fan Moskou beskôge. De ferneamde ikoaneskilder Andrej Rûbljov fersoarge de beskildering fan it ynterieur, mar allinnich fragminten binne dêrfan bewarre bleaun. Rûbljov ferstoar yn it kleaster by in pestepidemy en waard dêr op in ûnbekend plak begroeven. De earste abt fan it kleaster waard yn 'e tsjerke begroeven.

Hillige Poarte.

It Andronikovkleaster ûntjoech him ta ien fan 'e sintra fan it meitsjen fan manuskripten en de bibleteek fan it kleaster besiet in grut tal wurken fan Maksym de Gryk. Yn 1653 waard aartsbiskop Avvakûm Petrov yn it kleaster fêstholden, dy't de opposysje oanfierde tsjin de tsjerkeherfoarmings fan patriarch Nikon.

Side út it Andronikovo Evangeelje (15e iuwsk).

Oan 'e ein fan 'e 17e iuw waard de barokke Aleksiustsjerke boud. De opdrachtjouwer fan de bou wie de earste frou fan tsaar Peter I Eudoksia Lopûchina, dy't dat út tankberens die foar de berte fan har soan Aleksej.

It kleaster waard ferskate kearen plondere. Yn de jierren 1747-1756 waarden de houten pallisades fan it kleaster ferfongen troch stiennen muorren. Op it plak fan 'e âlde poarte waard neffens in ûntwerp fan 'e klassisistyske arsjitekt Rodion Rodionovitsj Kazakov in 73 meter hege nije klokketoer boud, yn dy tiid de op ien nei heechste fan Moskou (allinnich de klokketoer fan Ivan de Grutte wie heger).

In brân yn 1748 ferneatige in grut diel fan 'e kleasterargiven en de bibleteek. De Frânsen plonderden it kleaster yn 1812 en de argiven waarden op 'e nij troch brân ferneatige. Yn 'e 19e iuw wie der op it gebiet fan it kleaster in teologyske skoalle en in bibleteek.

It kleaster nei 1917

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aartsingel Michaeltsjerke (1694-1739).

It kleaster waard al yn 1918 troch de bolsjewiken sletten en foarme tegearre mei it Ivanovo- en it Novospasski-kleaster ien fan 'e earste konsintraasjekampen fan 'e Tsjeka. Binnen de muorren fan it kleaster waarden ofsieren en politike tsjinstanners fan it nije regear opsletten en yn it kamp waarden massa-eksekúsjes útfierd. Letter waarden yn it kompleks dakleaze bern opfongen en yn 1928 waard it kleasterkompleks oerdroegen oan in fabryk om yn 'e kleastergebouwen en de tsjerke likernôch 200 keamers foar wurknimmers yn te rjochtsjen. Ek die it kleaster tsjinst as kantoarrûmte foar it Folkskommisariaat fan Definsje. Yn 'e jierren 1929-1932 waard de op ien nei heechste klokketoer fan Moskou sloopt en op 13 septimber 1927 moast ek it tsjerkhôf der oan leauwe, dêr't Andrej Rûbljov en fallen soldaten by de Grutte Noardlike Kriich fan 1700-1721 en de kriich fan 1812 en tal fan bekende persoanen út de adel harren lêste rêstplak fûn hiene. Dat net alles ôfbrutsen waard en it kompleks yn hannen kaam fan in museum wie benammen te tankjen oan it krewearjen fan inkelde arsjitekten.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard it dúdlik dat de kleasterkatedraal it âldste noch besteande gebou fan Moskou wie. Yn 1947, by de fiering fan it 800-jierrich bestean fan Moskou, waard in fersyk yntsjinne om it tige ferfallen kompleks yn te rjochtsjen foar it Museum foar Alde Russyske Skilderkeunst. De opbou fan de kolleksje gyng stadich, itjinge foaral te krijen hie mei de negative hâlding fan 'e Sovjet-steat foar it Russysk religieuze erfgoed oer. Yn 'e jierren 1959 en 1960 waard de sterk ferboude Ferlosserkatedraal safolle mooglik yn 'e oarspronklike foarm werom brocht. It rekonstrueare boppediel is net sûnder kontroverse, benammen de trochsnit en de hichte fan de tamboer, de pendentiven, de kokosjniks en de bôgen joegen fragen. Op 21 septimber 1960 waard it museum iepene en ferneamd nei Andrej Rûbljov.

Yn 1989 waard de Ferlosserkatedraal op 'e nij ynwijd en yn gebrûk nommen foar de earetsjinst. Letter waard op it plak fan 'e ôfbrutsen klokketoer in lytse houten klokketoer oprjochte. Op it plak fan it eardere tsjerkhôf waard yn 2005 de Kapel fan Dmitri Donskoj boud.

De Ferlossertsjerke waard yn 1989 oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn.

Yn febrewaris 2013 klage de prokureur-generaal fan 'e Russyske Federaasje by it Ministearje fan Kultuer dat it kleasterterrein ûnrjochtmjittich brûkt waard troch in soan fan 'e museumdirekteur. Sa waard der sûnder fergunning in horekagebou op it terrein boud en waard de Michaeltsjerke brûkt foar saaklike gearkomsten.

Yn jannewaris 2019 fersocht de Russysk-Otterdokse Tsjerke om alle kleastergebouwen werom te jaan. Ek hat it patriarchaat in beweging opset om dat doel te berikken.

Dmitri Donskojkapel (2005).

Fan it kleaster bleaune de folgjende gebouwen bewarre:

  • De fan wite kalkstien boude Ferlosserkatedraal;
  • It refektoarium (1504-1506);
  • De stienen muorren en tuorren (17e oant 18e iuw);
  • Tsjerke fan 'e Aartsingel Michael (1694-1739; restauraasje 1960);
  • Kleastergebou fan 'e muontsen (18e iuw);
  • Seminaarje (1810-1814);
  • Krypte fan 'e famylje Lopûchin;
  • Dmitri Donskojkapel (2005).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Андроников монастырь