Andronikovkleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Andronikov Kleaster

Андроников монастырь

Andronikov.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow.svg Moskou
adres Andronjevskaja pl. 10, Moskou
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
oare ynformaasje
webside andronikovmon.ru

It Andronikovkleaster (Russysk: Андро́ников монасты́рь) of it Andronikovkleaster fan it Hillich Antlit fan Us Ferlosser (Андроников Нерукотворного Спаса) is in earder kleaster yn Moskou op de lofter kant fan de rivier de Jaûza. It waard yn 1357 bûten Moskou troch de metropolyt Aleksius oprjochte en ferneamd nei de earst kleasteroerste Andronikus, in learling fan Sergius fan Radonezj. Tsjintwurdig leit it kleaster binnen de grinzen Ruslân's haadstêd. De Kleasterkatedraal fan it Hillich Antlikt fan de Ferlosser is de âldste, noch besteande tsjerke fan Moskou (fan de Bertetsjerke yn it Moskouse kremlyn oerlibbe allinnich it koar).

Leginde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens hagiografyske beskriuwings kaam de Kiëvse metropolyt Aleksius tidens syn seereis nei Konstantinopel yn in fûle stoarm telâne. De noed wie heech en Aleksius swarde dat, as hy it belibje mocht en de haven feilich binnefarre soe, hy ta eare fan de hillige dy't dan de feestdei hie in kleaster stiftsje soe. Op de otterdokske feestdei fan it Ofbyld fan Kristus net troch minskehannen makke farde de hierarch feilich de haven. De hierarch kaam syn ûnthjit nei en stifte op 1357 in kleaster by Moskou mei dit patrocinium.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste abt fan it kleaster wie Andronikus, ien fan de learlingen fan de letter hillich ferklearre muonts Sergius fan Radonezj.

Ferlosser- of Spasskykatedraal

In brân yn 1368 lei de houten katedraal yn 'e jiske. De houten katedraal waard tusken 1420 en 1427 ferfongen troch in katedraal fan wite kalkstien, dêr't ek de earste abt fan it kleaster yn begroeven waard. Alhoewol't de katedraal noch faak ferboud waaard, bestiet de katedraal noch altiten en wurdt it as it âldste noch besteande arsjitekturale monumint fan Moskou beskôge. De ferneamde ikoaneskilder Andrej Rûbljov fersoarge de beskildering fan it ynterieur, mar allinnich fragminten binne hjirfan bewarre bleaun. Rûbljov ferstoar yn it kleaster tidens in pestepidemy en waard dêr op in ûnbekend plak begroeven. De earste abt fan it kleaster waard yn de tsjerke begroeven.

Side út it Andronikovo Evangeelje (15e iuwsk)

It Andronikovkleaster ûntjoech him ta ien fan de sintra fan it meitsjen fan manuskripten en de bibleteek fan it kleaster besiet in grut tal wurken fan Maksym de Gryk. Yn 1653 waard yn it kleaster aartsbiskop Avvakûm Petrov fêstholden, dy't de opposysje oanfierde tsjin de tsjerkeherfoarmings fan patriarch Nikon.

Oan de ein fan de 17e iuw waar de barokke Alesiustsjerke boud. De opdrachtjouwer fan de bou wie de earste frou fan tsaar Peter I Eudoksia Lopûchina, dy't dit die út tankberens foar de berte fan har soan Aleksej.

Hillige Poarte

It kleaster waard ferskate kearen plondere. Yn de jierren 1747-1756 waarden de houten pallisades fan it kleaster ferfongen troch stiennen muorren. Op it plak fan de âlde poarte waard neffens in ûntwerp fan de klassisistyske arsjitekt Rodion Rodionovitsj Kazakov in 73 meter hege nije klokketoer boud, yn dy tiid de op ien nei heechste fan Moskou (allinnich de klokketoer fan Ivan de Grutte wie heger).

Aartsingel Michaeltsjerke (1694-1739)

In brân yn 1748 ferwoastge in grut diel fan de kleasterargiven en de bibleteek. De Frânsen plonderden it kleaster yn 1812 en de argiven waarden op'e nij troch brân ferneatige. Yn de 19e iuw wie der op it gebiet fan it kleaster in teologyske skoalle en in bibleteek.

It kleaster nei 1917[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard al yn 1918 troch de bolsjewiken sletten en foarme tegearre mei it Ivanovo- en it Novospasskykleaster ien fan de earste konsintraasjekampen fan de Tsjeka. Binnen de muorren fan it kleaster waarden ofsieren en politike tsjinstanners fan it nije regear opsletten en yn it kamp waarden massa-eksekúsjes útfierd. Letter waarden yn it kompleks dakleaze bern opfongen en yn 1928 waard it kleasterkompleks oerdroegen oan in fabryk om yn de kleastergebouwen en de tsjerke likernôch 200 keamers foar wurknimmers yn te rjochtsjen. Ek die it kleaster tsjinst as kantoarrûmte foar it Folkskommisariaat fan Definsje. Yn de jierren 1929-1932 waard de op ien nei heechste klokketoer fan Moskou sloopt en op 13 septimber 1927 moast ek it tsjerkhôf der oan leauwe, dêr't Andrej Rûbljov en fallen soldaten tidens de Grutte Noardlike Kriich fan 1700-1721 en de kriich fan 1812 en tal fan bekende persoanen út de adel harren lêste rêstplak fûn hiene. Dat net alles ôfbrutsen waard en it kompleks yn hannen kaam fan in museum wie benammen te tankjen oan it krewearjen fan inkelde arsjitekten.

Dmitri Donskoikapel (2005)

Nei de Twadde Wrâldkriich waard it dúdlik dat de kleasterkatedraal it âldste noch besteande gebou fan Moskou wie. Yn 1947, tidens de fiering fan it 800-jierrich bestean fan Moskou, waard in fersyk yntsjinne om it tige ferfallen kompleks yn te rjochtsjen foar it Museum foar Alde Russyske Skilderkeunst. De opbou fan de kolleksje gyng stadich, itjinge foaral te krijen hie mei de negative hâlding fan de Sovjet-steat foar it Russysk religieuze erfgoed oer. Yn de jierren 1959 en 1960 waard de sterk ferboude Ferlosserkatedraal safolle mooglik yn de oarspronklike foarm werom brocht. It rekonstrueare boppediel is net sûnder kontroverse, benammen de trochsnit en de hichte fan de tamboer, de pendentiven, de kokosjniks en de bôgen joegen fragen. Op 21 septimber 1960 waard it museum iepene en ferneamd nei Andrej Rûbljov.

Yn 1989 waard de Ferlosserkatedraal op'e nij ynwijd en yn gebrûk nommen foar de earetsjinst. Letter waard op it plak fan de ôfbrutsen klokketoer in lytse houten klokketoer oprjochte. Op it plak fan it eardere tsjerkhôf waard yn 2005 de Kapel fan Dmitri Donskoi boud.

Bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it kleaster bleaune de folgjende gebouwen bewarre:

  • De fan wite kalkstien boude Ferlosserkatedraal;
  • It refektoarium (1504-1506);
  • De stienen muorren en tuorren (17e oant 18e iuw) ;
  • Tsjerke fan de Aartsingel Michael (1694-1739; restauraasje 1960);
  • Kleastergebou fan de muontsen (18e iuw);
  • Seminary (1810-1814);
  • Krypte fan de famylje Lopûchin;
  • Dmitri Donskoikapel (2005).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]