Andréastsjerke (Garyp)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Andréastsjerke
Andreastsjerke, Garyp.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel flag.svg Tytsjerksteradiel
plak Garyp wapen.svg Garyp
adres Greate Buorren 21
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1962
arsjitekt G. Steen, Ljouwert
webside Side PKN Garyp

De Andréastsjerke oan de Greate Buorren wie foarhinne de tsjerke fan de Garypster grifformearde gemeente en is hjoeddedei ien fan de twa tsjerken fan de Protestanske gemeente Garyp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1889 ferliet in grutte groep lidmaten de herfoarme tsjerke fan Garyp, om't hja harren langer net ferienigje koene mei de frijsinnigens yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Hja stiften yn Garyp in eigen gemeente en sletten har oan by de tsjerke fan de doleânsje. Op 19 juny fan itselde jier lei dûmny J. Wisse de earste stien foar in eigen tsjerke.

Van Dam-oargel

De tsjerke waard yn 1906 fergrutte en in folgjende ferbouwing folge yn 1932. Troch de útwreidings rekken de ferhâldings fan de tsjerke, dêr't no plak wie foar 700 minsken, út balâns. Ek fertoande de tsjerke yn de rin fan de tiid gebreken en wiene it minne plafond fierstente leech en de flierren oan ein. In restauraasje fan it gebou soe neffens de arsjitekt tefolle kostje en dus waard der oan it ein fan de jierren 1950 keazen foar folsleine nijbou. De kosten waarden op fl. 225.000 rûsd.

De nije tsjerke waard op 20 desimber 1962 yn gebrûk nommen. Yn ferlikening mei de âlde tsjerke wie it dak trije meter en de toer fiif meter heger. It tal plakken naam oant 742 ta en koe noch útwreide wurde ta 800. Healwei de jierren 1970 waard achter de tsjerke de kosterwente ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de bou fan mear romten.[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in oargel út 1898 fan de firma Van Dam út Ljouwert. It oargel waard troch de tiid hinne meardere kearen feroare. By de lêste restauraasje yn 2000 waard it ynstrumint troch Jan Jongepier en Mense Ruiter safolle mooglik werom brocht yn de âlde sitewaasje.[2]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • [3] Disposysje oargel

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Garyp in foto's en ansichten
  2. [2] ORGELkrant 2000/12