Amy Pieters
Amy Pieters | ||
sporter | ||
Amy Pieters (2017) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Amy Pieters | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 1 juny 1991 | |
berteplak | Haarlim | |
lingte | 1.64 m | |
gewicht | 58 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen, Baanhurdfytsen | |
O.S. | Londen 2012 Tokio 2020 | |
debút | 2010 | |
karriêre-ein | 2021 | |
wichtige prestaasjes | ||
Dykhurdfytsen 1x goud Wrâldkampioenskippen 2019 2x brûns Wrâldkampioenskippen 2017-2018 2x goud Europeeske kampioenskippen 2019 1x brûns Europeeske kampioenskippen 2021 Baanhurdfytsen 3x goud Wrâldkampioenskippen 2019-2021 1x brûns Wrâldkampioenskippen 2018 3x goud Europeeske kampioenskippen 2017-2019 | ||
offisjele webside | ||
Webstee fan Amy Pieters |
Amy Pieters (Haarlim, 1 juny 1991) is in earder Nederlânsk hurdfytster. Se wie sawol op de dyk as op de baan aktyf. Pieters kaam sûnt 2017 út foar de Nederlânske hurdfytsploech Boels Dolmans Cycling Team, dat sûnt 1 jannewaris 2021 Team SD Worx neamd wurdt. Hjirfoar ried se in jier by it Britske Wiggle High5 en fiif jier foar Liv-Plantur. Pieters is in dochter fan âld-hurdfytser Peter Pieters en in suster fan Roy Pieters.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2006 waard se kampioen op it omnium op de baan en de yndividuele tiidrit op de dyk. Dêrneist waard se twadde yn de nasjonale dykwedstriid. Yn 2007 waard se kampioen op de dyk en twadde op de tiidrit, noch hieltyd by de nijelingen. Datselde jier waard se lykwols op de baan ek kampioene op de 500 meter, yndividuele efterfolging, keirin en puntekoers en twadde op de scratch.
Yn 2008 wûn se nochris de 500 meter, efterfolging, keirin en puntekoers, mar waard diskear ek kampioen op de scratch. Op de dyk waard se yn beide wedstriden twadde. Se wist it tredde plak te feroverjen op de Europeeske kampioenskippen puntekoers foar junioaren. Bykommende útslaggen wiene it tredde plak yn de Omloop fan Borsele foar junioaren en it tredde plak yn de Seisdaagse fan Amsterdam, tegearre mei Lotte van Hoek.
Yn 2009 waard se yn Keappenhaven twadde op de ploege-efterfolging yn in wedstriid om de wrâldbeker, mei Vera Koedooder en Ellen van Dijk. Op 'e wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen foar elite waarden se fjirde. Se waard twadde op it Nederlânsk kampioenskip tiidriden foar junioaren en opnij tredde yn de Omloop fan Borsele foar junioaren.
Yn 2010 ried se foar it earst as professional. Har earste prestaasje wie in fiifde plak op it wrâldkampioenskip op de ploege-efterfolging. Foar 2011 feroare se fan team, se kaam doe út foar Argos-Shimano. Op de Olympyske Spullen fan Londen 2012 kaam Pieters op de baan út op de ploege-efterfolging mei Ellen van Dijk, Kirsten Wild en Vera Koedooder en waard dêr 6e.
Op de dyk wûn Pieters yn 2014 de Omloop Het Nieuwsblad, de 2e etappe yn de Ladies Tour of Katar en yn 2015 de prolooch yn de Route de France. Ek behelle se eareplakken yn de Omgong fan Drinte, La Course, Holland Hills Classic, Le Samyn en Open de Suède Vårgårda.
Op 21 maaie 2018 wûn Pieters de tredde etappe yn de Baskyske etappekoers Emakumeen Bira. De hurdfytser fan Boels-Dolmans fersloech yn de etappe oer 114,5 kilometer mei start en finish yn Aretxabaleta de Sweedske Emilia Fahlin en de Dútske Clara Koppenburg yn de einsprint fan in kopgroep besteande út njoggen fytsters. Har oerwinning wie de tredde Nederlânske oerwinning op rige yn de Baskyske etappekoers meiteljend yn de UCI Women's World Tour.
Op 7 augustus behelle se, krekt as it jier dêrfoar, brûns yn de koppelkoers op it EK baanhurdfytsen mei Kirsten Wild. Op 25 augustus wûn Pieters de Bretonske World-Tourwedstriid GP Plouay troch Marianne Vos en Coryn Rivera te ferslaan yn de sprint.
Op 2 maart 2019 wûn Pieters tegearre mei Kirsten Wild de koppelkoers by it Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen yn de Poalske stêd Pruszków. Op 10 augustus fan dat jier waard se yn Alkmar Europeesk kampioene yn de dykwedstriid.
Op 23 desimber 2021 kaam Pieters yn it Spaanske Calpe, by in training mei de baanploech te fallen. As gefolch fan dit ûngelok lei Pieters fjouwer moanne yn koma. It ûngelok, dêr 't se bliuwend harsensletsel oan oerhold, betsjutte de ein fan Amy Pieters har karriêre as hurdfytster.
Ploegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2012 - Skil 1t4i
- 2013 - Skil-Argos
- 2014 - Giant-Shimano
- 2015 - Liv-Plantur
- 2016 - Wiggle High5
- 2017-2020 - Boels Dolmans
- 2021 - SD Worx
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|