Amarins Geveke
Amarins Geveke | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Amarins Geveke | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1974 | |
berteplak | Fryslân | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | haadredaktrise | |
aktyf as | politika | |
jierren aktyf | 1998 – no |
Amarins Geveke (1974) is in Fryske redakteur en saaklik lieder út Ljouwert. Geveke is sûnt 1 april 2020 de nije haadredakteur fan kultureel tydschrift De Moanne.[1]
Fan 1994 oant 1998 studearre se Kommunikaasje oan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Dêrnei wurke hja as redakteur en ferslachjouwer by Omrop Fryslân. Amarins Geveke wie presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUp yn Neushoorn yn Ljouwert.
Op Skylge wie hja evenemintebegeleider by eveneminteburo Frisse Wind en letter waard se bestjoerslid fan de VVV en de Freonen fan Oerol. Op Skylge wie se ek fraksjefoarsitter foar de VVD yn de gemeenteried. Tusken 2014 en 2020 wie se direkteur fan de Folkshegeskoalle Schylgeralân.
Yn 2020 waard Geveke fan saaklik lieder by Ivgi & Greben, in provinsjaal subsidearre dûnsselskip.[2] Dit selskip fan dûnsers en goreografen stie ûnder lieding fan Uri Ivgi út Israel en de Ljouwerter Johan Greben.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |