Amara Walker
Amara Walker | ||
![]() | ||
![]() | ||
Amara Walker yn 2014. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Amara Sohn | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 30 novimber 1981 | |
berteplak | Los Angeles County (Kalifornje) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzeresse, ferslachjouster, presintatrise | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | lok. stjoerders, CNN | |
bekend fan | CNN Today | |
jierren aktyf | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
Amara Walker op Twitter |
Amara Walker (berne as: Amara Sohn; Los Angeles County (Kalifornje), 30 novimber 1981), is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster en presintatrise fan etnysk Koreaansk komôf. (Har foarnamme wurdt útsprutsen mei de klam op it earste wurdlid: ['æməɹə]). Hja hat foar ferskate lokale Amerikaanske tillefyzjestjoerders wurke, wêrûnder Fox News Chicago. Yn 2014 kaam se by CNN te wurkjen, as presintatrise en nijslêzeresse, mei as thúsbasis it CNN Center yn Atlanta.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amara Walker is hikke en tein yn it Kalifornyske Los Angeles County, ûnder de reek fan 'e metropoal Los Angeles. Hja is fan Koreaansk komôf, en sprekt njonken Ingelsk ek Spaansk. Yn it Koreaansk, de memmetaal fan har âldelju, is se net floeiend. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, folge se fan 1999 ôf in dûbele stúdzje politikology en tillefyzjesjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, dêr't se yn 2003 magna cum laude ôfstudearre mei twa bachelortitels.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neitiid wurke Walker fan 2003 oant 2005 by de lytse lokale radio- en tillefyzjestjoerder KMIR 6 News, yn Palm Springs, foar't se mids 2005 ferfear nei Miami, yn súdlik Floarida, dêr't se wurk fûn by de folle gruttere pleatslike stjoerder WTVJ, dy't ek wol bekend stiet as NBC6 Miami om't er liëarre is oan 'e Amerikaanske nasjonale stjoerder NBC. Walker presintearre dêr yn 'e wykeinen it jûnsnijs, en wurke troch de wyks as algemien ferslachjouster. Under de nijsferhalen dy't se yn dy tiid behannele, wiene bgl. de dea fan Osama Bin Laden, de Florideeske gûverneursferkiezings fan 2010 en de Republikeinske foarferkiezings yn Floarida fan 2012.
Teffens waard se as korrespondinte útstjoerd nei ferskate plakken bûten Floarida, lykas yn 'e simmer fan 2005, doe't se yn New Orleans en de steat Mississippy ferslach die fan 'e orkaan Katrina, en yn jannewaris 2010, doe't se út Haïty wei berjochte oer de ferwuostgjende ierdbeving dy't dat lân troffen hie. Njonken har wurk as sjoernaliste joech Walker fan 2010 oant 2011 ek les oan 'e Florida Memorial University yn it fak "tillefyzjenijsskriuwen en -ferslachjouwing".
Nei har trouwen yn 2012 naam Walker, dy't oant dy tiid ta ûnder har famkesnamme Amara Sohn wurke hie, de efternamme fan har man oan. Yn juny fan dat jier folge se har man nei Chicago ta, dêr't er in nije oanstelling krigen hie. Amara Walker fûn dêr wurk by de mei de nasjonale omrop Fox ferbûne lokale stjoerder WFLD (oftewol Fox News Chicago), op 'e nij as presintatrise/nijslêzeresse yn 'e wykeinen en troch de wyks as ferslachjouster. Under de ferhalen dy't se dêr behannele wiene de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2012, in grutte staking ûnder learkrêften oan 'e skoallen yn 'e stêd, en it geweld dat de súdkant fan Chicago yn 'e besnijing hie.
Nei oardel jier ferliet Walker yn desimber 2013 Fox alwer. Sy en de man ferfearen nei Atlanta, yn 'e steat Georgia, dêr't Walker yn febrewaris 2014 begûn as fêst presintatrise/nijslêzeresse en mei as thúsbasis it ynternasjonale haadkertier fan 'e stjoerder, it saneamde CNN Center. Walker fersloech foar CNN grutte nijsferhalen, lykas de Russyske besetting fan de Krim, de syktocht nei it fermiste Maleizyske fleantúch Malaysia Airlines flecht 370, en de fearboatramp yn Súd-Koreä.
Fan 2015 oant 2020 wie Walker, tegearre mei har manlike kollega Michael Holmes, it fêste gesicht fan it deistige, trije oeren duorjende nijsprogramma CNN Today op CNN International. Yn maart 2021 fertelde Walker op CNN dat se it slachtoffer wurden wie fan anty-Aziatysk rasisme, dat ûnder de koroanapandemy yn 'e Feriene Steaten en oare Westerske lannen gâns oanboaze. Yn febrewaris 2022 publisearre hja in opinyartikel oer geweld tsjin froulju fan Eastaziatysk komôf yn 'e Feriene Steaten. Fan 8 novimber fan dat jier ôf wie Walker, faak tegearre mei Boris Sanchez of Victor Blackwell, ien fan 'e fêste presintators fan it wykeinnijsprogramma New Day Weekend, dat letter omneamd waard ta CNN: This Morning Weekend.
Op 16 febrewaris 2025 makke Walker yn CNN: This Morning: Weekend bekend dat it har lêste wurkdei by CNN wie en dat se nei mear as tsien jier by it tillefyzjenetwurk wei gie.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn april 2012 troude Walker yn Eastenryk mei kiel-, noas- en eardokter en plastysk sjirurch Thomas Walker. Mei him hat se (anno 2025) twa bern.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch ûnder: References, op dizze side fan 'e Ingelske Wikipedy. |