Altenahr

Ut Wikipedy
Altenahr
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Ahrweiler
Stedsyndieling 4 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 1.592 (2021)
Oerflak 14,83 km²
Befolkingsticht. 107 ynw./km²
Hichte 170 m
Oar
Koördinaten 50° 31' N 6° 59' E
Offisjele webside
www.altenahr-ahr.de
Kaart
Altenahr (Rynlân-Palts)
Altenahr
Kaart
De lokaasje fan Altenahr (read) yn it gemeenteferbân Altenahr (rôze) yn 'e lânkring Ahrweiler.

Altenahr is in plak oan 'e Ahr yn 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Altenahr is in Ortsgemeinde fan it gemeenteferbân Altenahr. It plak leit oan 'e noardlike râne fan it Ahrberchtme op sa'n 35 kilometer súdwestlik fan de stêd Bonn.

Wynbou en toerisme foarmje de pylders fan 'e ekonomy fan Altenahr.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Altenahr waard foar it earst yn 893 yn in urbarium (in ynvintaris fan besitsrjochten) fan Prüm neamd. Om 1100 hinne waard útein set mei de bou fan it kastiel. Greve Theodorik I fan Are wie de earste bewenner fan it kastiel.

Nei't it kastiel troch ien fan 'e greven skonken waard oan de aartsbiskop fan Keulen bestjoerde dy it gebiet. Yn 1690 waard it kastiel troch de Frânsen oermastere. Dy joegen it kompleks yn 1697 op, mar besetten it kastiel yn 1701 op 'e nij. Troepen fan Kar-Keulen namen yn 1706 it kastiel yn besit en yn 1714 liet karfoarst Joseph Clemens von Bayern de muorren mei ynstimming fan de bewenners opblaze.

Heechwetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heechwetter (2021) yn Altenahr-Kreuzberg

Altenahr waard yn july 2021 slim troffen troch de hege wetterstân yn 'e Ahr, nei't it in lang skoft bot reind hie. De wetterstân gie op 14 july 2021 fan likernôch 100 sm. yn 'e middei oer op 572 sm. yn 'e jûn. Op dat stuit wurke de wettermjitter al net mear. In lokaal ingenieursburo hat neitiid de floed metten en kaam op in maksimaal wetterpeil fan 984 sm.

Earder waard Altenahr al op 21 july 1804 en 13 juny 1910 troch heechwetter troffen.

Gemeenteyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak Altenahr is te ferdielen yn fjouwer dielen (Ortsteile):

  • Altenahr
  • Altenburg
  • Kreuzberg
  • Reimerzhoven

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De ruïne fan it kastiel Are boppe it plak datearret fan 'e 12e iuw.
  • De romaanske oan de Ferkundiging wijde parochytsjerke is 13e-iuwsk.
  • It riedshûs fan 'e ferbânsgemeente oan 'e Roßberg 3 datearret fan 1900.
  • Boppe it Ortsteil Kreuzberg leit noch in bewenne kastiel, de Burg Kreuzberg.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Altenahr fan Wikimedia Commons.