Springe nei ynhâld

Alte Mainbrücke

Ut Wikipedy
Alde Mainbrêge
Alte Mainbrücke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Würzburg
oer Main
koördinaten 47°47'N 9°55'E
Algemiene gegevens
boujier 1476
Eigenskippen
lingte 185 m
trochfarhichte 4,45 m
Kaart
Alte Mainbrücke (Beieren)
Alte Mainbrücke

De Alte Mainbrücke yn 'e Dútske stêd Würzburg is de âldste brêge oer de Main. De brêge waard yn 'e 15e iuw boud en wie yn Würzburg oant 1886 de iennige brêge oer de rivier. De brêge ferbynt de histoaryske binnenstêd mei de oan 'e oare kant lizzende fêsting Marienburg en it Mainviertel en wurdt hjoed-de-dei allinne troch fytsferkear en fuotgongers brûkt. De brêge is oan wjerskanten fersierd mei 18e-iuwske bylden.

De brêge yn 1647.

De earste romaanske stiennen brêge waard om 1120 boud en ferfong doe in oerset. Dy brêge waard by heechwetter yn 1342 en 1442 foar in part fernield, mar yn 'e rin fan jierren ek troch de houten peallen dy't oer it wetter ferfierd waarden. Nei 't dy brêge 350 jier stien hie, waard sûnt 1476 de hjoeddeiske brêge boud. De stiennen pylders fan 'e brêge wiene yn 1488 foltôge. Omreden fan ferdigening wiene de bôgen tusken de pylders doe noch houten konstruksjes. Sûnt 1512 waarden dy houten konstruksjes tusken de pylders troch stiennen ferwulften ferfongen. Jildkrapte soarge der foar dat it wurk net eine en it noch oant 1703 duorre ear't dat wurk foltôge wie. De brêge wie goed befeilige en oan 'e westkant stie oant 1869 in poarte.

Biskop Christoph Franz von Hutten joech yn 1725 oan keunstner Anton Clemens Lünenschloß opdracht om in ûntwerp foar brêgebylden te meitsjen. De earste bylden waarden tsjin 'e ein fan 'e jierren 1720 oan 'e súdkant fan 'e brêge opsteld. Foarstbiskop Friedrich Carl von Schönborn liet om 1730 oan 'e noardlike kant de brêge nochris mei seis, likernôch 4,5 m hege barokke bylden fersiere.

De ferneatige brêge yn 1945.

Op 2 april 1945 blaasden Wehrmacht-troepen de fjierde en fyfte bôge fan 'e brêge op. De Amerikanen setten doe oer it ferneatige diel in tydlike needbrêge op en fan doe oant july 1950 waard der wurke oan 'e werbou fan 'e brêge.

Sûnt 1728 binne der tolve bylden op 'e brêge set. De bylden binne makke troch de bruorren Johann Sebastian Becker en Volkmar Becker en sûnt 1730 troch Claude Curé. Yntusken binne de bylden troch it ferwaarjen ferfongen troch replika's. De ûndersteande list folget de bylden by it oerstekken fan 'e Main fanút de binnenstêd nei it Mainviertel oan 'e oare kant.

↑ Rjochting binnenstêd (nei it easten)
Noardkant (de stream op) Súdkant (de stream ôf)
Pepyn de Koarte, kening fan 'e Franken, heit fan Karel de Grutte.
Sint-Totnan, ien fan 'e apostels ûnder de Franken.
Freark fan Utert, nammepatroan fan foarstbiskop Friedrich Carl von Schönborn.
Sint-Kiliaan, ien fan 'e apostels ûnder de Franken.
Sint-Joazef mei Jezus
De hillige Jongfaam Marije, foarsteld as Patrona Franconiae (patrones fan 'e Franken).
Brêgehililge Jehannes fan Nepomuk
Sint-Kolonat, ien fan 'e apostels ûnder de Franken.
Karel Borromeus, ien fan 'e belangrykste ferstjintwurdigers fan 'e kontrareformaasje, twadde nammepatroan fan foarstbiskop Friedrich Carl von Schönborn
Burkard, de earst biskop fan Würzburg.
Keizer Karel de Grutte
Sint-Bruno, biskop fan Würzburg, bouwer fan 'e domtsjerke fan Würzburg.
↓ Rjochting Mainviertel (nei it westen)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar referinsjes sjoch de: