Allison Moore (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Allison Moore
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Allison Moore - AVN Expo Photos Las Vegas 2013 (8421919251).jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stephanie Allison Hannegan
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 7 july 1984
berteplak ? (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
www.allisonmoorexxx.com
Allison Moore yn 2013.

Allison Moore, echte namme: Stephanie Allison Hannegan (7 july 1984), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en mainstream-aktrise. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 32DD.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allison Moore waard yn 1984 berne yn 'e steat Kalifornje. Se makke har debút yn in pornografyske film yn 2011, doe't se 27 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 75 pornofilms spile, hoewol't dat oantal mei de sênes foar har eigen webside (AllisonMooreXXX.com) en foar oare pornowebsiden boppe de twahûndert útkomt. Moore hat û.m. wurke foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Wicked Pictures, Evil Angel, Pure Play Media, Penthouse, Adam & Eve, Third Degree Films, Hustler Video, Zero Tolerance, Shane's World, Devil's Film en Diabolic Video. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Yn 2013 spile Moore de rol fan Khloé Kardashian yn 'e film Keeping Up with Kiara Mia, in parody fan 'e lytse studio Risque Films op 'e realitytillefyzjesearje Keeping Up with the Kardashians, oer de famylje fan Kim Kardashian. Datselde jiers sleepte Moore ek har earste mainstream-roltsje yn 'e wacht, yn 'e searje Sons of Anarchy. Fierders waard se nominearre foar twa Sex Awards.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2013 Sex Award nominearre meast seksy pornostjer n.f.t.
nominearre favorite webside fan in pornostjer (foar AllisonMooreXXX.com) n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: