Alfred Rust

Ut Wikipedy

Alfred Rust (4 july 1900, Hamburch - 14 augustus 1983, Ahrensburg) wie in Dútske archeolooch.

Alfred Rust wie fan ienfâldich komôf, wie in gelearde Elektrikermeister, dy't troch lêzingen oan de Hamboarske Folkshegeskoalle niget oan archeology krige.

Foar in better begryp fan de oarsprong fan de Midden-Europeeske paleolityske stienen ark reizge de archeologystudint Alfred Rust 1930 op de fyts fan Hamburch oer de Balkan en Turkije nei it Heine Easten. Dêr ûntdekte hy mei de grotten fan Jabrud ien fan de wichtichste paleölityske fynplakken yn it Heine Easten. De aventoerlike ferhalen oer de ûntdekking en de resultaten dêrfan yn de jierren 1931 - 1933 yn Jabrud trochfierde opgravings waard troch Rust publisearre yn in taheaksel fan it tydskrift Offa.

Rust, dy't letter full-time wurke yn in elektrotechnysk bedriuw en yn it earstoan as amateur gou, waard troch de noarddútse prehistoarikus Gustav Schwantes oanmoedige. Hy bewiisde it bestean fan Iistiidminsken yn it Ahrensburg-Meiendorfer Tunneltal (by Hamburch) yn de 1930er jierren troch opgravings. Hy fûn ark makke fan rindiergeweien en fjoerstien en bonken fan offerbisten en koe sjen litte dat rindierjagers út de let-paleolityske Hamburchkultuer oan de ein fan de iistiid, foar ûngefear 15.000 jier, yn dizze kriten jage hienen. Yn de waarmere perioade dêrnei libben hjir sa'n 13.400 jier lyn de jagers fan de Callenhard-Magdalenien kultuer, dy't dan troch in nije kâlde perioade 12.700 jier lyn, nochris de rindierjagers yn Ahrensburchkultuer folgen.

Yn de tiid fan it Nasjonaalsosjalisme wie Rust lid fan de SS-ûnderorganisaasje Ahnenerbe en hoechde dêrom it leger net yn.

Nei de Twadde Wrâldkriich wie Rust wittenskiplik meiwurker pre- en iere skiednis. Rust bestudearre ûnder oare de wurktúchfoarmen fan it Paleolitikum, guon fan syn útkomsten binne fersmiten troch modern ûndersyk.

Syn lidmaatskip fan Ahnenerbe is Rust op in protte krityk kaam te stean, de feestlikheden by syn hûndertste jierdei yn Ahrensburg waarden ôfsein. Syn eareboargerskip bleau bestean, yn septimber 2005 waard dit Alfred-Rust-kuierpaad ynwijd.

Earedoktor[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rust waard 1940 troch de Universiteit fan Kiel in earedoktoraat ferliend. Yn 1965 beneamde de stêd Ahrensburg him ta eareboarger.

Publikaasjes (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Werkzeuge des Frühmenschen in Europa, Neumünster 1971
  • Die Höhlenfunde von Jabrud (Syrien). Offa-Bücher 8, Neumünster 1950
  • Das altsteinzeitliche Rentierjägerlager Meiendorf, Neumünster 1937
  • Die alt- und mittelsteinzeitlichen Funde von Stellmoor, Neumünster 1943

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]