Alfred Edward Housman

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
A.E. Housman, 1910
Stânbyld fan Housman yn Bromsgrove

Alfred Edward Housman (Fockbury, Worcestershire, 26 maart 1859 - Cambridge, 30 april 1936), better bekend as A.E. Housman, wie in Ingelsk klassyk ûnderrjochte learde en dichter, fral bekend fan syn gedichtesyklus A Shropshire Lad. Dy lyryske, hast epigrammatyske gedichten skreau er meast foar 1900. Harren weemoedige evokaasje fan in doemde jongerein op it Ingelske plattelân yn sobere, mar byldzjende, taal foel bot yn de smaak by it let-Fiktoriaansk en Edwardiaansk publyk. Ek tal fan ier 20e-iuwske Ingelske komponisten fan foar en nei de Earste Wrâldoarloch fûne ynspiraasje yn dat wurk.

Housman waard beskôge as ien fan de wichtichste klassisy fan syn tiid.[1] Hy waard earst ta heechlearaar Latyn beneamd oan University College London en dosearre letter in Cambridge. Housman syn edysjes fan Juvenalis, Manilius en Lucanus binne lange tiid as gesachhawwend beskôge.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Housmans meast bekende gedicht út A Shropshire Lad (nûmer XIII) is When I was one-and-twenty. Oxford Dictionary of Quotations sitearret 16 rigels:

    When I was one-and-twenty
        I heard a wise man say,
    «Give crowns and pounds and guineas
        But not your heart away;
    Give pearls away and rubies
        But keep your fancy free.»
    But I was one-and-twenty,
        No use to talk to me.

    When I was one-and-twenty
        I heard him say again,
    «The heart out of the bosom
        Was never given in vain;
    'Tis paid with sighs a plenty
        And sold for endless rue.»
    And I am two-and-twenty
        And oh, 'tis true, 'tis true.

Poëzy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • A Shropshire Lad (1896)
  • Last Poems: Henry Holt and Company (1922)
  • A Shropshire Lad: Authorized Edition: Henry Holt and Company (1924)
  • More Poems: Barclays Bank LTD. (1936)
  • Collected Poems: Henry Holt and Company (1940)
  • Collected Poems (1939)
  • Manuscript Poems: Eight Hundred Lines of Hitherto Un-collected Verse from the Author's Notebooks, ed. Tom Burns Haber (1955)
  • Is My Team Plowing
  • Unkind to Unicorns: Selected Comic Verse, ed. J. Roy Birch (1995; 2e ed. 1999)
  • The Poems of A. E. Housman, ed. Archie Burnett (1997)

Publikaasjes as klassikus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Marcus Manilius Astronomica (1903–1930)
  • Satires of Juvenal (1905)
  • Swinburne (1910)
  • The Application of Thought to Textual Criticism (1921)
  • Marcus Annaeus Lucanus, Belli Ciuilis, Libri Decem (1926)
  • The Name and the Nature of Poetry (1933)
  • The Classical Papers of A. E. Housman (1972)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 'a man who turned out to be not only the great English classical scholar of his time but also one of the few real and great scholars anywhere at any time'. Charles Oscar Brink, English Classical Scholarship: Historical reflections on Bentley, Porson and Housman, James Clarke & Co, Oxford, Oxford University Press, New York, 1986 s.149