Springe nei ynhâld

Edwardiaansk tiidrek

Ut Wikipedy
Edward VII

It Edwardiaansk tiidrek is – yn de skiednis fan it Feriene Keninkryk – de periode fan it regear fan (1901-1910) kening Edward VII.

Yn 't generaal wurdt steld dat it tiidrek begûn mei de dea fan keningin Fiktoaria (yn 1901), neffens oaren al yn 1890, en einige mei it begjin fan de Earste Wrâldoarloch. De perioade foel gear mei it begjin fan in nije – de tweintichste – iuw en falt (rûchwei) te karakterisearjen as de tiid dêr't it Britske Ryk yn op it hichtepunt fan syn macht wie en as in perioade fan in noch dúdlik oanwêzige Britske stannemaatskippij (mei grutte ferskillen tusken in lytse begoedige boppelaach en in grutte, foar it grutste part earmoedige ûnderklasse).

Kultuerhistoarysk besjoen foel de perioade gear mei wat op oare plakken de Jugendstil of – yn Frankryk – de belle époque neamd waard. Yn it generaal hearske der in optimistysk foarútgongsleauwe, seker by de begoedige klasse yn Europa; dat soe sa bliuwe oant de desyllúzje fan de Earste Wrâldkriich. In leauwe dat stipelearre waard troch alderhanne nije útfiningen en wittenskiplike ûntdekkingen. It tiidrek liede ek de emansipaasje yn fan groepen (benammen froulju en arbeiders), dy't oant doe ta gjin kâns hân hiene om mei te dwaan oan it iepenbiere libben. Oan de oare kant wurdt it tiidrek ek algemien sjoen as de tiid dat Britske Ryk syn plak as iennichste wrâldmacht oan it ferliezen wie oan foaral de opkommende Feriene Steaten en it Dútske Keizerryk.

  • A.N. Wilson, After the Victorians: The Decline of Britain in the World , Farrar Straus Giroux, 2005, ISBN 978-0374101985