Springe nei ynhâld

Alexis Nakota Sû Naasje

Ut Wikipedy
Alexis Nakota Sû Naasje
Ingelsk Alexis Nakota Sioux Nation
lânseigen Cade Wicashdabi
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Alberta
haadkertier Glenevis (Alberta)
etnisiteit Stony
ledetal 1.800 (2012)
oprjochting 1877
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Alexis Reservaat 133
Alexis Cardinal River Res. 234
Alexis Elk River Reservaat 233
Alexis Whitecourt Reservaat 232
lokaasje sintraal Alberta
oerflak 144,8 km²
ynwennertal 820 (2011)
offisjele webside
www.alexisnakotasioux.com
kaart
Alexis Nakota Sû Naasje (Alberta)
Alexis Nakota Sû Naasje
Lokaasje yn Alberta.

De Alexis Nakota Sû Naasje (Ingelsk: Alexis Nakota Sioux Nation; Stony: Cade Wicashdabi) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it sintrale part fan 'e provinsje Alberta. De "earste naasje" (in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep), datearret as offisjele stamme-organisaasje fan 1877. It haadkertier is fêstige yn Glenevis, yn Alberta, in útbuorren dy't sa'n 70 km noardwestlik fan 'e stêd Edmonton leit.

De Alexis Nakota Sû Naasje hie neffens gegegevens út 2012 doe 1.800 leden. Dat binne etnyske Stony (Stoney), fan 'e substamme fan 'e Noardlike Stony. De namme fan 'e stamme omfiemet de begripen "Nakota", dat de nauwe etnyske bân mei de Assiniboin (Assiniboine) beklammet, en "Sû", dat ferwiist nei de (wat minder nauwe) besibskip oan 'e (Sioux).

De Alexis Nakota Sû Naasje hat fjouwer eigen reservaten yn 'e omkriten fan Glenevis, dy't yn totaal 144,8 km² beslane en yn 2011 in ynwennertal hiene fan 817 minsken. It giet om 'e folgjende reservaten:

Stony-Yndianen yn fol ornaat by de powwow fan 2007.

De opperhaden fan 'e Alexis-troep fan 'e Noardlike Stony ûndertekenen yn 1877 in offisjeel dokumint wêrmei's se harren oansleaten by it Ferdrach Nû. 6, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Britske koloniale autoriteiten yn Kanada. Hoewol't de stamme fan âlds troch in erflik opperhaad en guon mindere haadlju bestjoerd waard, leit it regear hjoed de dei yn 'e hannen fan in keazen opperhaad en in keazen stammeried, allebeide mei terminen fan fjouwer jier.

Elts jier yn july wurdt der yn it Alexis Reservaat in powwow holden dy't in protte toeristen lûkt. Der is in softbaltoernoai mei in haadpriis dy't oprinne kin oant 14.000 Kanadeeske dollar, ôfhinklik fan it oantal meidwaande tiims, en fierders binne der wedstriden yn trommeljen en yn ûnderskate lânseigen foarmen fan dûns. Der dogge net inkeld Stony mei, mar ek Yndianen fan oare etnyske groepen.

De wichtichste delsetting fan 'e Alexis Nakota Sû Naasje leit oan 'e igge fan Lac Ste. Anne, dy't de Noardlike Stony Wakâmne neame, wat "Gods Mar" betsjut. Eltse simmer is der in pylgertocht nei de mar ta, dêr't oer in perioade fan fjouwer dagen soms wol 40.000 minsken oan meidogge, de measten fan Yndiaansk of Métis-komôf.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.