Alde bûkebosken en bûkeoerbosken fan de Karpaten en oare Europeeske regio's
Alde bûkebosken en bûkeoerbosken fan de Karpaten en oare Europeeske regio's | ||
UNESCO-wrâlderfgoed | ||
lân | Oekraïne Slowakije Dútslân Albaanje Eastenryk Belgje Bulgarije Kroaasje Itaalje Roemeenje Sloveenje Spanje Switserlân Noard-Masedoanje Poalen Tsjechje Frankryk Bosnje en Herzegovina Servje | |
UNESCO folchnûmer | 1133 | |
kritearia | (ix) | |
ynskriuwing | 2007 (31e sitting) | |
útwreiding | 2011,2017,2021, lytse grinskorreksje yn 2023 | |
gebiet | 99.947.81 ha | |
buffersône | 296.275.8 ha | |
UNESCO-wrâlderfgoedlist |
De Alde bûkebosken en bûkeoerwâlden fan 'e Karpaten en oare Europeeske regio's binne restanten fan oerbûkebosken dy't sa'n 6500 jier lyn in grut part fan Europa besloegen. De bosken lizzen yn ferskillende Europeeske lannen en foarmje net in oanslutend gehiel.
Sûnt de ein fan 'e lêste iistiid hat de gewoane bûkebeam (Fagus sylvatica) him fanút in pear isolearre gebieten yn 'e Alpen, Karpaten, de Dinariden, de Middellânske See en de Pyreneeën him oar in koarte tiid fan in pear tûzen jier ferspraat oer it kontinint. De suksesfolle útwreiding fan it ferspriedingsgebiet fan 'e bûkebeam tsjûget fan in grut oanpassingsfermogen fan 'e beam oan ferskillende klimatologyske, geografyske en fysike omstannichheden.
Yn 2007 waarden seis Oekraynske bosken en fjouwer Slowaakske bosken ynskreaun as wrâlderfgoed fan UNESCO. In earste útwreiding fûn yn 2011 plak mei fiif bosken yn Dútslân. By in útwreiding fan 2017 waarden ek bûkebosken yn Albaanje, Belgje, Bulgarije Eastenryk, Itaalje, Kroaasje, Roemeenje, Sloveenje en Spanje oan it wrâlderfgoed tafoege. Yn 2021 waard it wrâlderfgoed fierder útwreide mei bosken yn Bosnje-Hertsegovina, Frankryk, Itaalje, Noard-Masedoanje, Poalen, Servje, Slowakije Switserlân en Tsjechje.
Yn 2024 telde it UNESCO-wrâlderfgoed "Alde bûkebosken en bûkeoerwâlden fan 'e Karpaten en oare Europeeske regio's" 93 ferskillende gebieten ('komponinten') yn 18 lannen.
Ynskriuwing erfgoed 2007
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme | Lân | Oerflak |
---|---|---|
Beskerme berchmassyf Kûziejsky | Oekraïne | 49,25 km² |
Beskerme berchmassyf Marmarosj | Oekraïne | 89,9 km² |
Beskerme berchmassyf Uholsko-Sjyrokolûzjansky | Oekraïne | 155,8 km² |
Beskerme berchmassyf Svydovetsky | Oekraïne | 65,8 km² |
Beskerme berchmassyf Tsjornohirsky | Oekraïne | 163,75 km² |
Stûzjytsja-Uzjok in Nasjonaal Park Uzjansky | Oekraïne | 61,47 km² |
Oerbosk Rožok in Nasjonaal Park Poloniny | Slowakije | 0,6551 km² |
Oerbosk Havešová in Nasjonaal Park Poloniny | Slowakije | 1,713 km² |
Oerbosk Stužica in Nasjonaal Park Poloniny | Slowakije | 7,615 km² |
Oerbosk Vihorlat | Slowakije | 49,91 km² |
Utwreiding 2011
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme | Lân | Oerflak |
---|---|---|
Grumsiner Forst | Dútslân | 8,644 km² |
Nasjonaal Park Hainich (Hainich) | Dútslân | 56,588 km² |
Nasjonaal Park Jasmund | Dútslân | 30,03 km² |
Nasjonaal Park Kellerwald-Edersee | Dútslân | 57,385 km² |
Serrahn (part fan Nasjonaal Park Müritz) | Dútslân | 28,361 km² |
Utwreiding 2017
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme | Lân | Oerflak |
---|---|---|
Rrajca yn Nasjonaal Park Shebenik-Jabllanicë | Albaanje | 2.129,45 ha |
Lumi i Gashit (slút oant op it Nasjonaal Park Valbonëdal) | Albaanje | 1.261,52 ha |
Dielen fan trije boskreservaten] yn it Zoniënwâld: Zwaenepoel, Grippensdelle, Ticton | Belgje | 269,31 ha |
Njoggen natuerreservaten (Boatin, Tsarichina, Kozya Stena, Steneto, Stara reka, Dzhendema, Severen Dzhendem, Sokolna, Peeshti skali) yn it Nasjonaal Park Sintrale Balkan |
Bulgarije | 10.989 ha |
Nasjonaal Park Kalkalpen | Eastenryk | 52,5 km² |
Wyldernisgebiet Dürrenstein | Eastenryk | 35 km² |
Dielen fan it Nasjonaal Park Paklenica | Kroaasje | 2.032 ha |
Natuerreservaat Hajdučki i Rožanski kukovi yn it Nasjonaal Park Noordelijke Velebit | Kroaasje | 1.289 ha |
Sasso Fratino yn it Nasjonaal Park Foreste Casentinesi, Monte Falterona, Campigna | Itaalje | 781 ha |
Val Cervara, Selva Moricento, Coppo del Principe, Coppo del Morto en Val Fondillo yn it Nasjonaal Park Abruzzo, Lazio e Molise |
Itaalje | 936 ha |
Monte Cimino en Monte Raschio yn Lazio | Itaalje | 74 ha |
Cozzo Ferriero yn it Nasjonaal Park Pollino | Itaalje | 96 ha |
Foresta Umbra-Falascone yn it Nasjonaal park Gargano | Itaalje | 182 ha |
Izvoarele Nerei yn it Nasjonaal Park Semenic-Cheile Carașului | Roemeenje | 4.677 ha |
Nasjonaal Park Cheile Nerei-Beușnița | Roemeenje | 4.292 ha |
Domogled, Coronini – Bedina, Iauna Craiovei en Ciucevele Cernei yn it Nasjonaal Park Domogled-Valea Cernei |
Roemeenje | 9.732 ha |
Masivul Cozia en Lotrișor yn it Nasjonaal park Cozia | Roemeenje | 3.389 ha |
Codrul secular Șinca | Roemeenje | 338 ha |
Codrul secular Slătioara | Roemeenje | 609 ha |
Groșii Țibleșului: Izvorul Șurii en Preluci | Roemeenje | 346 ha |
Strâmbu Băiuț | Roemeenje | 598 ha |
boskreservaat Krokar | Sloveenje | 74,50 |
boskreservaat Snežnik – Ždrocle | Sloveenje | 720,24 |
Hayedos de Picos de Europa (Canal de Asotín en Cuesta Fría) yn it Nasjonaal Park Picos de Europa | Spanje | 323 ha |
Hayedos de Navarra (Lizardoia en Aztaparreta) | Spanje | 235 ha |
Hayedos de Ayllon (Tejera Negra en Montejo) yn it Natuerpark Sierra Norte de Guadalajara | Spanje | 327 ha |
Utwreiding 2021
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2021 waarden tritich bosken tafoege en de grinzen fan 7 besteande wrâlderfgoedbosken waarden feroare.
Namme | Lân | Oerflak |
---|---|---|
Prašuma Janj | Bosnje en Herzegovina | 295,04 ha |
Forêt de la Bettlachstock | Switserlân | 195,43 ha |
Boskreservaten Valli di Lodano, Busai en Soladino | Switserlân | 806,78 ha |
Mont Aigoual in Nasjonaal Park Cevennen | Frankryk | 75,03 ha |
Chapitre | Frankryk | 371,30 ha |
Chizé | Frankryk | 156,12 ha |
Forêt de Fontainebleau | Frankryk | 248,48 ha |
Grand Ventron | Frankryk | 257,09 ha |
Massane | Frankryk | 121,49 ha |
Py-Pas de Rotja | Frankryk | 246,03 ha |
Sainte-Baume | Frankryk | 128,63 ha |
Saint-Pé-de-Bigorre | Frankryk | 924,71 ha |
Falascone yn it Foresta Umbra yn it Nasjonaal Park Gargano | Itaalje | 254,30 ha |
Pavari-Sfilzi yn it Foresta Umbra yn it Nasjonaal Park Gargano | Itaalje | 667,13 ha |
Cozzo Ferriero yn it Nasjonaal Park Pollino | Itaalje | 95,75 ha |
Pollinello yn it Nasjonaal park Pollino | Itaalje | 477,94 ha |
Valle Infernale yn it Nasjonaal Park Aspromonte | Itaalje | 320,79 ha |
Dlaboka Reka | Noard-Masedoanje | 193,27 ha |
Polonina Wetlinska en Smerek yn it Nasjonaal Park Bieszczady | Poalen | 1178,03 ha |
Delling fan 'e Terebowiec-stream yn it Nasjonaal Park Bieszczady | Poalen | 201 ha |
Delling fan 'e Wolosatka-stream yn it Nasjonaal Park Bieszczady | Poalen | 586,66 ha |
Grinsstripe en Gorna Solinkadelling yn it Nasjonaal Park Bieszczady | Poalen | 1506,05 ha |
Papratski Do yn it Nasjonaal Park Fruška Gora | Servje | 65,36 ha |
Ravne yn it Nasjonaal park Fruška Gora | Servje | 93,43 ha |
Kozje Stene yn it Nasjonaal Park Kopaonik | Servje | 451,47 ha |
Rača yn it Nasjonaal Park Tara | Servje | 215,94 ha |
Zvezda yn it Nasjonaal Park Tara | Servje | 1873,67 ha |
Oerbosk Havešová yn it Nasjonaal Park Poloniny | Slowakije | 167,88 ha |
Oerbosk Rožok yn it Nasjonaal Park Poloniny | Slowakije | 74,37 ha |
Oerbosk Stužica - Bukovské Vrch yn it Nasjonaal Park Poloniny | Slowakije | 1742,47 ha |
Oerbosk Stužica - Udava yn it Nasjonaal Park Poloniny | Slowakije | 455,82 ha |
Kyjovský prales iyn it Oerbosk Vihorlat | Slowakije | 289,41 ha |
Vihorlat yn it Oerbosk Vihorlat | Slowakije | 1553,06 ha |
Izerberchtme | Tsjechje | 444,81 ha |
- Wrâlderfgoed yn Albaanje
- Wrâlderfgoed yn Belgje
- Wrâlderfgoed yn Bosnje-Hertsegovina
- Wrâlderfgoed yn Bulgarije
- Wrâlderfgoed yn Dútslân
- Wrâlderfgoed yn Eastenryk
- Wrâlderfgoed yn Frankryk
- Wrâlderfgoed yn Itaalje
- Wrâlderfgoed yn Kroaasje
- Wrâlderfgoed yn Noard-Masedoanje
- Wrâlderfgoed yn de Oekraïne
- Wrâlderfgoed yn Poalen
- Wrâlderfgoed yn Roemeenje
- Wrâlderfgoed yn Servje
- Wrâlderfgoed yn Sloveenje
- Wrâlderfgoed yn Slowakije
- Wrâlderfgoed yn Spanje
- Wrâlderfgoed yn Switserlân
- Wrâlderfgoed yn Tsjechje