Springe nei ynhâld

Albertus Bruins Slot

Ut Wikipedy
Boargemasterswente, Noarderbuert 95 yn Drachten

Albertus Bruins Slot (Hoogeveen, 4 augustus 1865 - Rotterdam, 27 augustus 1930) wie in Nederlânsk politikus.

Bruins Slot waard berne yn Drinte as soan fan Jan Warners Bruins Slot, ferfeanter en wethâder, en Alberdina ten Cate. Hy troude 1896 mei Antje Hoogeboom. Sy krigen trije bern, ûnder oaren de lettere politikus Sieuwert Bruins Slot.

Bruins Slot syn amtlike karriêre begûn op it gemeentesekretariaat fan Kollum, by syn skoanheit Hoogeboom. Nei in tal jierren waard er boargemaster fan Skiermûntseach (1896-1901). Op 24 desimber 1901 waard er ynstalearre as boargemaster fan Smellingerlân (1901-1930). Yn 1906 liet er in troch arsjitekt Johannes Petrus Hazeu ûntwurpen Jugendstil-went sette oan de Noarderbuert yn Drachten. Fan 1910 ôf wie foar de Anti-Revolúsjonêre Partij lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Ut reden fan sykte waard er opnaam yn it Eudokia sikehûs yn Rotterdam, dêr't er staor, 65 jier âld.[1] Bruins Slot wie Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Leeuwarder Courant, 27 augustus 1930