Springe nei ynhâld

Noorderbuurt 95 (Drachten)

Ut Wikipedy
'Wite Filla'
bouwurk
lokaasje
Gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres Noorderbuurt 95
bysûnderheden
type bouwurk Went
subtype Filla
boujier 1906
arsjitekt J.P. Hazeu
boustyl Jugendstil
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 499252

De filla mei it adres Noarderbuert 95 is in eardere boargemasterswenning yn Drachten. It wenhûs is fan algemien kultuer - en arsjitektuerhistoarysk belang en stiet dêrom op de list fan ryksmonuminten.

Yn 1906 liet de doetiidske boargemaster fan Smellingerlân Albertus Bruins Slot oan de Stasjonswei (foarhinne Noorder Straatweg, no hoeke Noorderbuurt-Lange West) in opfallend hûs bouwe dat troch syn wite kleur troch de befolking al gau de 'Wite Filla' neamd waard.

Glês-yn-leadruten mei leeljemotieven en foardoar mei izerwurk mei swypslachmotyf

It wenhûs yn de trant fan de Jugendstil of art nouveau is realisearre nei in ûntwerp fan de Grinzer arsjitekt J.P. Hazeu en sûnder mis ien fan de fraaist bewarre bleaune Jugendstil-wenhuzen yn de gemeente Smellingerlân of sels yn de provinsje Fryslân. Opfallend yn de foargevel is it grutte hoefizerfoarmige finster fan de ûntfangstkeamer, dat foarsjoen is fan glês-yn-leadruten mei wetterleeljemotiven. Dy sitte ek om de doar hinne. Neist dit glês-yn-lead binne de ekspressive swypslachlinen yn it izerwurk in skaaimerk fan de art nouveau.

Nei it ferstjerren fan Bruins Slot waard de filla yn 1933 yn gebrûk naam troch de minderbruorren. Yn de jierren tritich sette de Roomsk-Katolike Tsjerke de oanfal yn op de ûntsjerklikheid yn de Fryske Wâlden. De muontsen begûnen harren missywurk yn 1933 út de Wite Filla wei oant se yn 1937 it minderbruorrekleaster yn Drachten yn gebrûk nimme koene.

Yn 1937 waard de hear M. de Groot eigener en hy liet it gebou ynrjochtsje as ûnderwiisynstitút. Yn 1956 is it pân ferboud, wêrby't de yndieling fan de wenning foar in part feroare waard foar it jaan fan ûnderwiis. Mei it oanbouwen fan in leslokaal oan 'e efterkant en troch de trochbrek Noarderbuert nei de Lange West is de grut oanleine tún foar in grut part ferlern gien. It oanboude leslokaal en in nije garaazje falle bûten beskerming fan rykswege om reden fan de lytse monumintale wearde, lykas ek de bûgde túnmuorre.

Yn 2015 is de filla kocht troch in pear famyljes om der wer in wenning fan te meitsjen.