Springe nei ynhâld

Alaska-skiereilân

Ut Wikipedy
It Alaska-skiereilân, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska.

It Alaska-skiereilân (Ingelsk: Alaska Peninsula) is in skerp útstykjend skiereilân, dat him fanôf de súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Alaska oer in ôfstân fan sa'n 800 km útstrekt nei it súdwesten, dêr't it úteinlik oergiet yn 'e eilannegroep fan 'e Aleoeten. De namme fan 'e steat Alaska giet feitliken tebek op 'e namme fan it skiereilân (en net oarsom, sa't wolris tocht wurdt).

It Alaska-skiereilân foarmet mei de (krektlyk ta Alaska hearrende) Aleoeten, de Russyske Kommandeurseilannen en it Russyske Kamtsjatka-skiereilân de skieding tusken de Stille Oseaan en de Beringsee. It wurdt omjûn troch de Bristolbaai, in earm fan 'e Beringsee, yn it noarden, en de iepen Stille Oseaan yn it suden. Yn it noardeasten sit it fêst oan it fêstelân fan Alaska, wylst yn it súdwesten de Unimak-passaazje it skiereilân skiedt fan 'e Aleoeten. It binnenlân fan it Alaska-skiereilân wurdt dominearre troch it Aleoetysk Berchtme, in keatling fan tige aktive fulkanen, dy't him oer de hiele lingte fan it skiereilân útstrekt. Teffens lizze dêr it Nasjonaal Park en Reservaat Katmai en ferskate wyldreservaten mei in legere status.

Geographic Harbor, oan 'e kust fan it Alaska-skiereilân.

Oan 'e noardkant fan it Alaska-skiereilân lizze frijwol gjin eilannen (útsein Amak), mar oan 'e súdkant lizze der nammenste mear, wêrûnder de Shumagineilannen en de Sanakeilannen en it grutte eilân Kodiak. It skiereilân sels wurdt op teminsten fjouwer plakken hast midstwa snien troch ynhammen fan itsij de Bristolbaai, itsij de Stille Oseaan, en bestiet dêr mar út tige smelle lâningten. Unimak, it meast eastlike eilân fan 'e Aleoeten is by False Pass ("ûnechte passaazje") ek noch hàst mei it skiereilân ferbûn.

Demografy en klimaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der lizze gjin grutte plakken op it Alaska-skiereilân, hoewol't de doarpen Cold Bay, King Cove, Chignik, Chignik Lake, Chignik Lagoon en Port Moller in beskate bekendheid genietsje, alteast yn Alaska. De befolking bestiet benammentlik út Inûyt en is foar syn libbensûnderhâld fierhinne ôfhinklik fan 'e fiskerij.

It klimaat op it Alaska-skiereilân is ferlykber mei dat yn Iislân of Fjoerlân, mei simmertemperatueren fan 6-15 °C en wintertemperatueren fan –11-+1 °C. Der falt jiers 610-1.650 mm delslach.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.