Springe nei ynhâld

Aebingahûs

Ut Wikipedy
Aebingahûs foar 1565
Aebingahûs nei 1565

Aebingahûs wie in stedsstate oan de Grutte Tsjerkestrjitte 14-16 yn Ljouwert en waard boud foar 1500.

Yn 1565 is Goffe fan Aebinga eigener en keapet yn dat jier foar F 609, - it ruïneuze prebendehûs dat oan de westkant fan Aebingahûs stiet. Om al yn 1565 "ruïneus" wêze te kinnen moat it oarspronklike hûs dêr al in skoft stien hawwe en moat it hûs dus fan foar 1500 wêze. Goffe fan Aebinga hearde mei ûnder mear Doeke fan Martena fan it Martenahûs oan de Nijstêd en Rienck fan Cammingha (op Camminghaburch) ta de njoggen Ljouwerter eallju dy't yn 1568 wegeren in eed te swarren, dat se de stêd tsjin de fijannen fan kening Philips II ferdigenje soenen.

Nei de dea fan Goffe fan Aebinga (1579) kocht syn widdo, Byuck fan Cammingha, yn 1591 ek it eastlik fan har dûbele wente lizzende hûs (Camstrahûs), mei skuorre en pleats foar 1110 gûne fan in dochter fan de boarger Hans Snitger, dy't syn bern ferskate gruttere huzen yn de stêd neilitten hie. Al trije jier earder hie Beyts fan Haerda, widdo fan neamde Rienck fan Cammingha, dat hûs keapje wollen foar 953 gûne, mar dat wie doe troch de fâden fan de noch minderjierrige erfgenamten behindere. Yn it kohier fan de skoarstienjilden yn it Aldehouster espel, in belestingboek út 1606, wurdt Byuck oanslein foar mar leafst 9 skoarstiennen en har buorfrou "Aaltie Donia" op Camminghahûs foar 'mar’ 4 skoarstiennen.

besit Byuck Cammingha yn 1579

It Aebingahûs ferervet tagelyk mei it Camstrahûs oan inkelde neisieten fan Goffe en Byuck. As eigeners trede efterinoar op de famyljes Fan Camstra, wêrûnder Tjalling Homme fan Camstra en syn frou Foockel fan Burmania dy't simmerdeis op Lyts Hermana yn Minnertsgea wennen en Fan Haersolte. Sy wennen der net sels, want se joegen de foarkar oan it neistlizzende Camstrahûs (nr. 20), mar ferhiere it hûs oan edelen en notabelen. Sa hiert yn 1733 oerste Van Glinstra it hûs en tsien jier letter de oerste-luitenant Fan Heemstra, beide spitigernôch net neier identifisearre. Dêrnei hiere de "juffers Asimont" (nei alle gedachten de dochters fan de Waalske predikant Pierre Azimon) it hûs foar 115 gûne jiers en begjinne dêr in damespensjon. Ut it Quotisatiekohier (ek alwer in belestingboek) fan 1749 blykt dat hja op syn minst 5 gasten hawwe wêrtroch't de juffers "de kost winne". Mei oare wurden, se kinne der reedlik fan rûnkomme. Se wurde oanslein foar 94 gûne en 15 stuorren, sadat opmakke wurde kin dat se op in fermogen fan 8000 gûne rûsd waarden. In trochsneed boer mei eigen hûs, ark en feebeslach (mar mei pachte lân) waard yn de oangrinzjende gritenij Tytsjerksteradiel oanslein foar in fermogen fan 3500 gûne. De dames koene dus yndied aardich "de kost winne".

Yn 1763 liet Allegonda Susanna fan Haersolte, dûariêre fan Johan baron fan Ychten, it hûs iepenbier ferkeapje. Keapster foar rom 2000 gûne wie Suffrida Aurelia Wielinga, "begoedige" jongste dochter fan ûntfanger-generaal en boargemaster Everhardus Wielinga, dy't de "huisinge, paardestal en coetshuis" foar de oankeap al hierde foar 115 gûne yn 't jier.

Suffrida (Sjoerdtje) sil der net sels wenne hawwe, want letter waard it hûs foar 280 gûne ferhierd oan de postmaster Michael Onuphrius baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg. Dy sil it as "postkantoar" brûkt hawwe, want hy wenne sels yn it Schwarzenbergshûs (no It Grytmanshûs) op de hoeke fan de Bollemanssteech. Dêrnei folgen in tal ferervingen en ferkeapingen oant yn 1808 it hûs mei bygebouwen foar 3275 gûne kocht waard troch Abraham Elkan Levy. Dy syn kuratoaren ferkochten twa jier letter de "voortreffelijke huisinge met de onbebouwde grond ten noorden en westen, mitsgaders de bouwmaterialen en hetgeen zich wijders op die grond is bevindende" foar 2720 gûne. Blykber hie Abraham (te) grutte bouplannen dy't troch it fallisemint net fierder útfierd wurde koene. Ut de fermelding fan de "onbebouwde grond ten noorden en westen" blykt lykwols al dat it Aebingahûs doe al sloopt wie.

Yn 1832 wie de timmerman en deakistemakker Bouwe Hettes van Dijk de eigener fan de doe út trije perselen besteande gebouwen. De oerflakte fan dy perselen wie 3 kante roeden en 18 kante jellen. Der is dan gjin sprake mear fan in grut aadlik hûs, want sûnttiid wurde de hjoeddeiske nûmers 14 en 16 apart bewenne. Nûmer 14 brûkt eigener Van Dijk sels as timmerwinkel en boppewenning, it pân nûmer 16 ferhiert hy as hearehûs yn it earstoan foar 250 gûne jiers oan ferskillende herfoarme predikanten, de "muzijk- en dansmeester" Willem Johan Swarts, de riedshear mr. E.G. Colson Aberson en de wettersteatsyngenieur Adam van Hooff. De widdo Van Dijk ferkocht dit hearehûs yn 1882 oan de ‘oerbuorman’ wynhannelbedriuw Firma A. Menalda & Soannen. Nei in lytse ferbouwing waard op de ferdjipping it kantoar fan de firma fêstige en de ûnderferdjipping as wenhûs ferhierd oan ûnderwizers, hannelsreizgers en op it lêst oan in begjinnend abbekaat.

Yn 1930 waard it kantoar fan de firma Menalda nei it foaroerlizzende nr. 15 oerbrocht. Neidat der al yn 1928 oer tocht wie om "het huis van den buurman te koopen (maar door onwil van dezen zal hiertoe wel geen mogelijkheid bestaan)" gie it doe 1 are en 90 sa grutte perseel nr. 16 yn 1938 dochs oer yn it besit fan de N.V. Jongbloed foar 4600 gûne.

It pân nr. 14 kaam troch erfenis oan Franciscus Bavius Fellinga, de skoansoan fan Van Dijk en ek timmerman. Sûnt 1882 waard it pân ferhierd oan in skilder, dêrnei efterinoar oan trije winkellju "in vette waren" (spek, sjippe, smar, traan, oalje, ensfh.). Oant 1938 is it hjir in kommen en gean fan hierders fan alle soarten. Der binne ek steesoan wer oare eigeners, oant yn 1938 de N.V. Jongbloed "de huizinge no. 14, met bovenwoning erf en grond", grut 1 are 40 sintiare oankeapet foar in bedrach fan 4.600 gûne. De boppewenning wurdt ferhierd, de begeane grûn wurdt troch it drukkerijbedriuw yn gebrûk nommen as magazyn. By in ferbouwing yn 1973 komme der boppe kantoarromten, de ûnderferdjippingen fan nrs. 14 en 16 wurde gearlutsen en ek foar it oansjen wurdt it wer ien pân troch it setten fan in nije gevel.

Nei it ferhúzjen fan Jongbloed nei It Hearrenfean is it dûbele pân splitst yn trije wenhuzen dy't partikulier bewenne wurde.

  • - 1579 Goffe fan Aebinga
  • 1579 - ± 1610 Byuck fan Cammingha, widdo Goffe fan Aebinga
  • famylje Fan Camstra
  • famylje Fan Haersolte
  • 1733 oerste Fan Glinstra (hierder)
  • 1743 oerste-luitenant Fan Heemstra (hierder)
  • 1749 - 1763 de "juffers Asimont" (hierders)
  • oant 1763 eigenaresse Allegonda Susanna fan Haersolte
  • 1763 Suffrida Aurelia Wielinga
  • oant 1808 M.O. baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg (hierder)
  • 1808 - 1811 Abraham Elkan Levy
  • 1832 Bouwe Hettes van Dijk
  • 1882 wynhannelsbedriuw Firma A. Menalda & Soannen (nr. 16)
  • 1882 Franciscus Bavius Fellinga (nr. 14)
  • 1938 N.V. Jongbloed (beide panden)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: