Springe nei ynhâld

Adam Westerman

Ut Wikipedy

Adam Westerman, as Adamus Westermannus (Leer-Heisfelde (East-Fryslân), ? - 1635) wie in Fryske dûmny.

Hy studearre sûnt 1597 teology oan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy wie predikant yn Gaast (1600), Starum (1602), Easterlittens (1616) en Warkum (1619-1635). Westerman hat twa kear troud west. Syn earste frou hjitte Habel en by har hie er bêrn. Op 28 juni 1607 troude hy yn Dronryp mei Geeltje Johannesdr..

Troch syn neilitten wurken wurdt er wol sjoen as in fertsjintwurdiger fan de Fierdere Reformaasje. Westerman hie grutte ynfoed yn de klassis Boalsert-Warkum en yn de skippersmienskippen fan syn regio, de Fryske Súdwesthoeke.

Westerman wie de skriuwer fan û.o. it stichtlike boek (Groote) Christelijcke Zee-vaert, ornearre foar seelju-ûnderweis. Hy warskôget yn dat wurk ûnder oaren foar "byleauwigens, frjemde froulju, drank en tabak". It grutste part fan it boek foarmje 26 preken. Yn 1628 publisearre er Vrye jaer-merckt voor den volcke Zion. Yn dit boek set er him ôf tsjin de gebrûken op jiermerken en yn it algemien tsjin dronkenskip en huorkerij. Dernjonken bin fan him teminsten noch fiif wurken bekend.

Christelycke Zee-vaert waard foar it earst printe yn 1611. Dêrnei folgen oant 1630 sân ferbettere en útwreide drukken. Fan de 1630-ferzje binne eksimplaren bewarre bleaun en der bestean ek noch werprintigen fan in edysje út 1616. Yn 1635 ferskynde Westermans Groote Christelijcke zee-vaert. Feitelik wie dat de earste ferzje fan in folsein fernijd boek, wat yn de titel ta útdrukking kaam. Oant fier yn de 18e iuw waard dat boek tsientallen kearen fannijs printe. Yn 1659 waard sels in ferzje yn it Deensk útbrocht. Oan de Nederlânske utjeften is in skiednis fan Starum taheakke, dêr't in los eksimplaar fan út 1625 bewarre bleaun is. By tradisjoneel-grifformearden is de belangstelling foar dat boek fan Westerman nea fuort west; it kin anno 2020 yn werprinte foarm noch besteld wurde.

Titelblêd Groote Christelycke Zee-Vaert
  • (Groote) Christelijcke Zee-vaert, In XXVI. Predikatien, In maniere van een Zee-postille. In welcken een Schipper Koopman (...)Verrijckt met verscheydene ghebeden, christelijcke liedekens ende dry registers. Met de beschrijving van Stavoren.
  • Vrye jaer-merckt voor den volcke Zion, in de welcke de zonden ende grouwelen die heden ten daghe in de jaer-merckten ende kermissen in swangh gaen, ontdeckt ende ghestraft worden, tot voorcominghe van de rechtvaerdighe oordelen godes: stichtelijck ende dienstelijck voor alle menschen, om te becomen eenen vrijen ende genadighen jaer-merck in Christa Jesu. Amsterdam: Hendrick Laurensz, 1628.
  • W.J op 't Hof, "Adamus Westermannus als piëtist: zijn boekenbezit en invloed," yn Documentatieblad Nadere Reformatie XXIV, (2000): 99-108.
  • J.J. Kalma, Een Kerk in Opbouw: Classisboek Bolsward-Workum, 1600-1633: transcriptie met inleiding, verklarende aantekeningen, registers en literatuurlijst (Ljouwert: Fryske Akademy, 1981): 119-120.
  • Jan de Vries, Verzwegen zeeheld; Jacob Benckes (1637-1677) en zijn wereld (Zutphen: Walburgpers, 2018): 23-25.
  • J.D.Th. Wassenaar, “Adam Westerman,” yn Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme, deel 1 (Kampen: J. H. Kok, 1978).