Springe nei ynhâld

Oerlis:Adam Westerman

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

De neifolgjende kategoryen kinne om my fuort:

  • Kategory:Eastfrysk predikant - hy hat nea preke yn Eastfryslân
  • Kategory:Eastfrysk skriuwer - hy hat neat skreaun dêre
  • Kategory:Dútsk predikant - Naasjesteat Dútslân bestie net en it mar de fraach oft er him Dútser fielde
  • Kategory:Dútsk teolooch - Hy wie gjin teolooch yn it Hillige Roomske Ryk
  • Kategory:Dútsk publisist - Hy hat neat publisearre yn Eastfryslân en ek net yn it Dútsk
  • Kategory:Dútsk persoan fan Eastfrysk komôf - Naasjesteat Dútslân bestie net

Drewes (oerlis) 18 nov 2015, 17.32 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, mar by dizze kategoryen giet it der net om wêr't sa'n man in amt of funksje útoefenet, mar om wêr't er weikomt. Dizze man is berne yn Eastfryslân; hy is dus fan berte in Eastfries. En hy wie in predikant, dus ek al hat er dat amt nea yn Eastfryslân útoefene, dochs is er in Eastfrysk predikant. Oars soest by eltse biografy krekt útplúzje moatte wat de persoan yn kwestje krekt wêr útfûn hat -- dêr is fansels gjin begjinnensein oan.
Oangeande jo twadde punt, dat de naasjesteat Dútslân net bestie, dat is wier, mar it Hillige Roomske Ryk hawwe wy hjir yn 'e Wikipedy oangeande kategory-yndieling ek altyd beneamd as Dútsk. Oars soene we kategoryen oanmeitsje moatte foar alle Dútske steaten fan foar 1871. Dan soene by Willem fan Oranje bgl. alle 'Dútske' kategoryen feroare wurde moatten yn 'Nassauske', ensfh. Dat liket my gjin goed idee. Der bestie in Dútske steat, it Hillige Roomske Ryk, ek al hong dy as los sân oaninoar, dat litte wy datoangeande asjebleaft fêsthâlde oan 'e kategorynamme 'Dútsk'.
En 'Dútsk publisist' seit neat oer de taal fan publikaasje, al sil dat yn 'e measte gefallen fansels wol deeglik Dútsk wêze. Ek hjir is de riddenearring wer: de man kaam út Eastfryslân, in ûnderdiel fan it Hillige Roomske Ryk, en hy wie in publisist.
De fraach oft de man him in Dútser fielde is nei myn miening hjir net relevant, mei't er syn libben begûn as yngesetene fan it Hillige Roomske Ryk. Ik bedoel, ik fiel my ek gjin Nederlanner, mar ik haw wol de Nederlânske nasjonaliteit. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2015, 18.33 (CET)[beäntwurdzje]
Ik soe it ienfâldiger en oersichtliker hâlde wolle. Ik bin it mei jo iens dat ien syn komôf fernijd wurde mei/moat. Yn dit gefal bin ik fan betinken dat 'Eastfrysk persoan' en 'Dútsk persoan' foldwaande is. En dy 350 lantsjes fan foar 1871, lit ús dy allegear mar ûnder 'Dútsk' beflappe, oars kinne jo der yndie wol mâl fan wurde. Yn dit ramt soe ik tinke dat dy kategoryen by 'Willem fan Oranje' ek wol wat opskoffeljen hawwe meie Drewes (oerlis) 18 nov 2015, 19.16 (CET)[beäntwurdzje]
Tsja. Ik seach niis om sân oere even nei it nijs; dat gie wer allegear oer dy Abaaoud, dy't nei't it skynt it brein efter de oanslaggen yn Parys is. Yn it ramt fan dizze diskusje foel my doe op dat hy konsekwint in "Belgyske terrorist" neamd waard, om't er yn Belgje berne en grutbrocht is. Dochs hat er as terrorist allinnich mar yn Frankryk (en mooglik Syrje) aktyf west. Dat komt dus eins op itselde del as dat ik Westerman in Eastfrysk predikant neam hoewol't er yn Eastfryslân nea op 'e preekstoel stien hat.
Ik bin it dus net alhiel iens mei wat jo as ienfâld en oersichtlikens karakterisearje. Dat sein hawwende, is dit úteinlik ien fan jo siden, dus ik fyn, jo moatte yn dizze saak it lêste wurd mar hawwe. Ik wol noch wol even sizze dat ik dizze kategoryen oan jo side tafoege haw om't ik fyn dat it dêr better fan wurdt. De rjochtlinen dy't ik hjirboppe oanjûn haw (Eastfrysk = berte + predikant = berop ==> Eastfrysk predikant), haw ik oanholden doe't ik fan 't winter alle kategoryen op biografysiden neisjoen haw, dus sa sit de hiele Wikipedy no yninoar. En kategoryen dy't einigje op persoan (Dútsk persoan, Frysk persoan, Russysk persoan) haw ik doe yn prinsipe allegear leech makke om't dat nei myn idee fiersten te algemien is. Dan kinst noait wer wat weromfine ast fia kategoryen sikest, wat ik geregeldwei doch. Mar myn tafoegjen fan kategoryen oan jo siden moat fansels by jo gjin argewaasje opwekke; sa hie ik it nea bedoeld. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2015, 19.38 (CET)[beäntwurdzje]

Neat te rêden Ieneach, wy wurde it ommers yn't algemien wol iens. Ik kin it net litte: dy Abaaoud hat him net yn Frankryk nei wenjen set en is gjin Frânsk boarger wurden......Drewes (oerlis) 18 nov 2015, 20.26 (CET)[beäntwurdzje]