Springe nei ynhâld

Ad Cameron

Ut Wikipedy

Adriaan (Ad) Johan Cameron (Flissingen, 24 juny 1939[1]) is in publisist en natoeryllustrator út Wierum.

Fan 1962 oant 1967 gie hy nei de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten (ôfdieling yllustraasje/dekoraasje) yn De Haach. Dêrnei ferliet er de Rânestêd en ferfarde nei it doarp Vuren by Gorinchem om tichter by de natoer te wêzen. Mar ek de natoer fan de Flevopolders, Dordtske Biesbosch en de Waadeilannen waarden yn syn skets- en notysjeboekjes fêstlein. Syn ynteresse giet net allinnich út nei seldsume of bysûndere fûgelsoarten mar ek de gewoane soarten hawwe syn omtinken. Cameron besiket benammen de gedragings fotografysk yn syn ûnthâld fêst te lizzen en reprodusearret dy dêrnei yn sketsfoarm. Sels neamt er dy wize reprodusksjemetoade 'myn fideo-rekôrderke’.

Syn observaasjes brûkt er faak as neislachwurk. In soad fan de ôfbyldings út syn sketsboeken foarmen de basis fan twa fûgelboeken dy 't hy foar Elsevier yllustrearre. De beide dielen wiene skreaun troch de Ingelske ornitolooch Christopher Perrins en befetten elk sa'n 500 kleureôfbyldings fan Cameron. It earste diel De wereld van de vogels ferskynde yn 1976 tagelyk yn it Ingelsk ûnder de titel Bird Life. It boek befettet in soad ynformaasje oer see, woastinen, biotopen, fiedselgewoantes, pearing en nêsten. Letter kamen de ko-edysjes yn sân talen. It twadde diel is sekuer neffens de skiften, famyljes en skaaien útwurke mei tekst fan mear as fjirtich bekende ornitologen út de hiele wrâld.

Cameron skilderet meast akwarel en hat oandacht foar de lytste anatomyske details. As in hoarnûle tsien slachpinnen hat, dan skilderet er ek tsien en net ien mear of minder. Hy hat him talein op it tekenjen fan fûgels en dan benammen ûlen en waadfûgels. Hy wurket figuratyf en tekenet sa't de natoer is. De iene kear prachtich en útskroeven, in oare kear sober en ynbannich.

Hy makket yllustraasjes foar boeken en blêden; sa wurke er foar Friesland Post. Ek binne der faak eksposysjes fan syn wurk. Yn 2009 hied er in tentoanstelling yn it Ljouwerter Natoermuseum Fryslân.

Bibliografy (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: